Jan Minnema de With
Jan Minnema de With (Dokkum, 4 febrewaris 1762 − Bûtenpost, 18 septimber 1820) wie in Nederlânsk militêr en bestjoerder fan Frysk komôf.
Biografy
bewurkje seksjeDe With wie in telch út it laach De With. Hy wie in soan fan de militêr en VOC-wurknimmer Jens Niehen True, dy't him yn 1729 yn de Nederlannen festige, en fan Wickje Minnema (1725-1786). Jens Niehen True skreau him letter Jan de With (1715-1781).
Hy troude yn 1794 mei Catharina van Haersma (1764-1828) en syn neiteam naam dêrnei de namme Van Haersma de With oan, de namme dy't anno 2019 troch syn neisieten allinne noch brûkt wurdt. Sy wiene de âlden fan ûnder oare jhr. mr. Daniel de Blocq van Haersma de With (1797-1857).
Fan 1780 ôf wie er ritmaster yn it Steatske leger. Dêrnei wie er belestingûntfanger, siktaris fan Achtkarspelen, notaris yn Bûtenpost om fan 1812 oant 1816 de earste en iennige boargemaster fan dy gemeente te wurden ear't dy opgie yn de gemeente Achtkarspelen. Fan 1812 ôf wie er ek presidint fan de kantonnale gearkomst fan Bûtenpost.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|