Nijjiersrevu fan Koatstertille
De Nijjiersrevu fan Koatstertille is in revu fan Koatstertille. De opfiering bart sûnt 1997 yn MFA Tillehûs oan de Goudsjeblomstrjitte yn Koatstertille.
Fan ein augustus ôf binne spilers en rezjy fan de revuploech dwaande mei de tariedings foar de nijjiersrevu. Mei sketskes, lietsjes en dûns wurdt it foarôfgeande jier besjoen en bekommentariearre. Der binne net folle Nijjiersrevu’s yn Fryslân mear oer. Anno 2018 is der neist de revu fan Koatstertille noch de Nijjiersrevu fan De Jouwer.
Under de Tilster Toer
bewurkje seksjeMei de titel Under de Tilster Toer waard troch de nijjiersploech it spits ôfbiten fan Kuturele Haadstêd 2018. Foar dizze 21e nijjiersrevu waarden fan ein desimber 2017 ôf seis foarstellings jûn. Neist santjin folwoeksenen spilen dat jier foar it earst in seistal jongere bern mei. De revu spilet him ôf yn de Kulturele Haadstâd, mar ek Tilster situaasjes as de bio-fergister en de oanbesteding troch Taksy Waaksma krigen omtinken. Yn it skoft en nei ôfrin wie der muzyk.[1]
Programmatitels (noch net folslein)
bewurkje seksje- 2018 - Wannear, wêrom, wêrhinne
- 2017 - Under de Tilster Toer
- 2016 - Deryn
- 2015 - Nij!
- 2014 - gjin revu troch ferbouwing fan it Tillehûs
- 2013 - It doarp, de delgong en de dream
- 2012 - Tolerant nei Trettjin
- 2011 - De Tille, dêr is't te dwaan
- 2010 - It is tiid
- 2009 - Trettjin
- 2008 - Klokslach Tolve
- 2007 - Al wer in jier foarby
- 2006 - Tsien
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|