Nijjiersrevu fan De Jouwer

De Nijjiersrevu fan De Jouwer is in revu dy't alle jierren yn jannewaris troch in ploech Jousters op de planken brocht wurdt.

Frjemde fûgels (2014)

De earste revu waard yn 1987 organisearre troch de Fryske Krite De Jouwer. Dy Krite wie doe al ien fan de grutste amateurtoanielferienings yn Fryslân. Der binne net folle nijjiersrevu's mear. Yn 2014 wie dy fan De Jouwer de iennige Nijjiersrevu fan Fryslân, mar dat kaam trochdat de ploech fan de Nijjiersrevu fan Koatstertille dat jier net optrede koe fanwegen de ferbou fan harren akkommodaasje, it MFS It Tillehûs.[1][2]

Ta de minsken fan it earste oere hearden Aukje Steeman en Lammie Toering. Aukje wie neist spylster, de earste 16 revu’s (oant 2002) muzikaal lieder. Dêrnei is sij stoppe. Doe’t yn 2013 de nije stichting oprjochte waard, is Aukje Steeman 5 jier regisseur west. Lammie Toering hat oant en mei 2003 as spylster meidien. De earste revu yn 1987 wie eins in bûnte jûn, letter waard it alle jierren profesjoneler. Doe’t der mear en mear talint fan soms fier bûten de Jouwer kaam, waarden de kosten heger en rûn de bining mei it publyk werom. Troch de hege kosten moast de Fryske Krite him yn 2013 weromlûke. De Stichting Nijjiersrevu de Jouwer waard oprjochte yn 2013 en koe yn 2014 har earste revu foar it fuotljocht bringe. Sûnt dy tiid waard it wer in revu foar en troch Jousters, mei allinnich Jousters yn de haadrol.

De revuploech bestiet út spilers mei ûnderfining en foar in part nije jonge spilers. Yn de revu wurdt mei sankjes en sketskes weromsjoen op it foarôfgeande jier. Elke Nijjiersrevu hat in tema. Der wurdt besocht om markante doarpsbewenners of situaasjes yn de sketskes te ferwurkjen. Ek it nijs út en om De Jouwer is ynspiraasje foar in nije akt.[3] De revu waard yn it begjin trije foarstellingen, letter waard oergien op fjouwer foarstellingen, dy't opfierd wurde yn de earste twa wiken fan it nije jier. De foarstellings binne yn party- en sealesintrum ’t Haske, nei ôfrin is der dûnsjen.

  • Troch de revu ûntstie om 2002 hinne de band Keatling.[4]

List mei Tema's fan de revu

bewurkje seksje
 
De Beam (2010)
 
1991
Jier Titel Regy Muzikaal lieder Bysûnderheden
2024 (Op ’e) Hichte Anneke van den Akker Marcin Rachula
2022 Keallepoten, Sturtklokken en oare kofje Anneke v/d Akker Leon Smits Utfieringen yn oktober
2020 Grut, grutter, grutsk Anneke v/d Akker Leon Smits
2019 Hulten en Bulten Anneke v/d Akker Leon Smits
2018 Wy dogge noch in rûntsje Aukje Steeman Leon Smits
2017 Fjoer en Flam Aukje Steeman Leon Smits
2016 Út en Thús Aukje Steeman Leon Smits
2015 In Wiete Boel Aukje Steeman Leon Smits
2014 Frjemde Fûgels Aukje Steeman Leon Smits Fan 2014 ôf organisearre troch de 'Stichting Nijjiersrevu de Jouwer'
2013 Krisis Rieneke de Haan Atsje Lettinga
2012 Hichtepunt Rieneke de Haan Atsje Lettinga
2011 80.000 Kopkes kofje Herman Emmelkamp Durk Brouwer
2010 De Beam Herman Emmelkamp Durk Brouwer
2009 Kommunikaajse Piet Zeilstra Leon Smits
2008 Heechste tiid (hoareka) Piet Zeilstra Leon Smits
2007 Op 'e strjitte Piet Zeilstra Wim Boersma
2006 Tweintich ! Herman Emmelkamp Leon Smits
2005 Lêst Herman Emmelkamp Leon Smits
2004 Famylje Afke Toren Leon Smits Fanôf dit jier is der (nei lange tiid) wer in live band foar de muzikale begelieding.
2003 Targets Rieneke de Haan
2002 It Doarp Rieneke de Haan Aukje Steeman
2001 Nacht Rieneke de Haan Aukje Steeman
2000 In reis troch de ieu Rieneke de Haan Aukje Steeman
1999 Media Foppe Kielstra/ Rieneke de Haan/ Lammy Toering Aukje Steeman
1998 Jild, jild en nochris jild Foppe Kielstra Aukje Steeman
1997 Gek Foppe Kielstra Aukje Steeman
1996 10 Jier (feest) Foppe Kielstra Aukje Steeman
1995 Toeristen Foppe Kielstra Aukje Steeman
1994 Wolwêzen Foppe Kielstra Aukje Steeman
1993 Plysje Foppe Kielstra Aukje Steeman
1992 Toeristen Foppe Kielstra Aukje Steeman Mei muzyk fan Yska de Leeuw en ballet fan de Skarsterlândûnsers ûnder lieding fan Mirim Velthuis. Skriuwers en oersetters, Lammy Toering, Aukje Steeman, Johan Veenstra, Anne van der Mark en Foppe Kielstra. Underwerpen wiene ûnder oare it ôfketsen fan it hoteleilân yn de Tsjûkemar, de mooglike komst fan in MacDrive en it stoart yn De Dolten.
1991 Foppe Kielstra Aukje Steeman
1990 De Tiid Siebren Sigtema Aukje Steeman De trettjin spilers brochten tema's as 'Hoe komt it mei it ôffal?' en 'komt der al of net in museum foar moderne keunst?'.[5]
1989 Iepenbier ferfier Fedde Bergsma Aukje Steeman
1988 Fedde Bergsma Aukje Steeman Skriuwers en oersetters Japke Kornelis, Aukje Steeman, Lammy Toering, Fedde Bergsma. De muzyk wie fan Arend Piersma. Neist de bigband fan Frits Hazeberg wie der ek in optreden fan gymnastykferiening SHELL fan Aldehaske. Tema’s yn de tweintich nûmers tellende programma wiene ûnder oaren: wetteroerlêst en omrop Oskar.[6]
1987 De wyn yn ‘e seilen Fedde Bergsma Aukje Steeman Fan dit jier ôf organisearre troch Toanielferiening Fryske Krite De Jouwer

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Jouster krante, 29 desimber 2013
  2. Webside revu Koatstertille
  3. Ljouwerter Krante, 10 desimber 2014
  4. Webstee fan Keatling
  5. Fjirde Nijjiersrevu op de Jouwer', yn: Jouster Krante
  6. Jouster Nijjiersrevu kin besjen lije yn: Jouster Krante