De Koaten
(Trochferwiisd fan Koaten)
De Koaten wie in doarp en wei oan in westlike ynham fan it wetter dat yn de 16e iuw fergroeven waard ta it Knillesdjip yn de gemeente Achtkarspelen. De namme komt ek foar as Cooten (1398), Kooten, Cotum of De Coten. Yn 1478 wurdt it lyksteld oan Westerham, blykber in pindant fan Osterham, in oare namme foar Droegeham.
In diel fan De Koaten wurdt nei 1700 ek Opperkoaten neamd. Op nijere kaarten is Opperkoaten ek in fjildnamme. Op dit steed stie ek de Koatster mûne. Besuden de kearn ûntstie Koatstertille. Yn 1959 waard it âlde doarp by Koatstertille foege en waard it in buorskip. Ek de buorskippen Kealebeintum, Kûkhernstertille en Kûkherne waarden yn de 19e iuw ta Koatstertille rekkene.
Berne yn De Koaten
bewurkje seksje- Gauke Kootstra (1874-1942), boargemaster fan Eaststellingwerf, Emmen en Gorkum
- Louw de Graaf (1930), politikus
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Achtkarspelen | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Boelensloane • Bûtenpost • Droegeham • Gerkeskleaster • De Harkema • Koatstertille • Stynsgea • Strobos • Surhústerfean • Surhuzum • Twizel • Twizelerheide | ||
Buorskippen: Blauforlaet • Blauhûs • Buwekleaster • Dykhuzen • Hamsherne • Koartwâld • De Koaten • Kûkherne (foar in part) • De Lêste Stoer • Lytsepost • Ophûs • Reahel • Reaskuorre • Surhuzumer Mieden | ||
· · |