Hawker Typhoon


Rol Jachtbommesmiter
Makker Hawker Aircraft
Untwerper Sydney Camm
Earste flecht 24 febrewaris 1940
Yn tsjinst 11 septimber 1941
Ut tsjinst 1945
Tal makke 3.317 (1941-1945)
Grutste brûkers Royal Air Force, Royal Canadian Air Force

De Hawker Typhoon wie in jachtfleanmasine - jachtbommesmiter yn tsjinst by de RAF yn de Twadde Wrâldkriich. It wie de opfolger fan de Hawker Hurricane en waard, lykas syn foargonger, ûntwurpen troch Sydney Camm yn 1937. It tastel wie ornearre as ûnderskeppingsjager, mar yn 1943 die bliken dat it tastel syn gelikense as jacht-bommesmiter net hie.

Hawker Typhoons Mk IB fan it 56. Squadron

It tastel syn earste flecht wie op 24 febrewaris 1940. Sawol yn de test- as de operasjonele faze wiene der in protte swierrichheden, dat it Ministearje fan Loftfeart tocht deroer om it tastel út tsjinst te heljen. Hawker ûntdekte it probleem lykwols op 'e tiid: metaalwurchens yn in lask fan it efterste part fan de romp.

Dat it type sa'n bêste jachtbommesmiter wie, siet him yn syn hege faasje dy't er op lege- en midshichten helje koe (602 km/o op 1600 m), sadat it in gaadlik tastel foar hit and run-oanfallen wie en ek mei súkses ynset wurde koe tsjin de Focke-Wulf Fw 190 doe't de Dútsers yn 1941 Britske kustynstallaasjes oanfoelen.

Benammen doe't de Typhoon mei de betroubere Sabre IIA-motor útrist waard koe it offensive taken ferfolle en de Dútske jagers en loftôfwar berinne.

De Tyhoon wie ek it earste alliearde tastel dat (net-late) loft-nei-grûn raketten krige (1943). Hy spile in wichtige rol yn de tarieding fan de lâning yn Normandje en de operaasjes dêrnei. Yn de twadde helte fan 1944 kaam de modernere Hawker Tempest, mar de hieltiid oanpaste Typhoon hat oant de ein fan de kriich ta tsjinne.

De Typhoon hat teffens tsjinne by de loftmacht fan Austraalje, Kanada en Nij Seelân.

Technyske feiten

bewurkje seksje
 
Hawker Typhoon
Feiten Hawker Typhoon Mk. IB
Lingte: 9,73 m
Spanwiidte: 12,67 m
Hichte: 4,66 m
Motor: Ien 24-sil.-H-Motor Napier Sabre fan 2.200 HK
Heechste faasje: 656 km/h op 6.250 m
Fleanberik: 1.570 km
Bemanning: 1
Tsjinstplafond: 10.730 m
Leechgewicht: 4.100 kg
Fleangewicht: 5.100 kg
Bewapening: Fjouwer 20-mm-fluchfjoerkanonnen, twa 227- of 454 kg bommen,
of acht raketten

Fergelykbere typen

bewurkje seksje

Keppeling om utens

bewurkje seksje