In deksânrêch is in troch hurde wyn opstode hichte deksân dêr't de measten fan yn it Lêste Glasiaal, it Weichselyn, ûntstien binne.

Trochsnien deksânrêch by Lettele in Oerisel
Ferstowende deksânrêch
Deksânrêch by Halle yn Gelderlân

Foarming yn it Lêste Gasiaal

bewurkje seksje

Yn it Weichselyn waard yn in grut part fan Noardwest-Jeropa deksân ôfset doe't in grutte iiskape oant yn Denemark ta kaam. Yn dy tiid wie de Noardsee drûch en wiene grutte parten fan Nederlân, Belgje en Noard-Dútslân in soarte fan tûndra mei net djippe rivierbêden. Yn dy snuorje wie it ûnbidige kâld en koe der amper fegetaasje waakse. Dêrtroch koe de wyn syn gong gean en it sân dat op it oerflak lei, koe troch de wyn ferfierd en ôfset wurde. Yn it Pleniglasiaal, de kâldste perioade fan it Glasiaal wie de fegetaasje sa goed as fuort en doe koene dêr grutte lapen gebiet ferstowings ôfset wurde. Dy ôfsettings wurde "âlde deksân" neamd en dêr ûntstie in deksântekken mei hjir en dêr ûnderbrutsen troch horizontale liemlagen. Yn it Let-Glasiaal waarden de temperatueren stadichoan heger en koe der stadichoan fegetaasje waakse. en sadwaande waard de ferstowing wer pleatsliker. Doe waard it "jonge deksân" ôfset. Dat jonge deksân bestiet benammen út pleatslik âlder deksân dat ferstood waard. Troch it tanimmen fan de begroeiïng waard it opstode deksân op guon plakken fêstholden en doe ûntstiene saneamde deksânrêgen, dy't op in tal fan plakken yn Fryslân noch te sjen binne.

Dekksânrêgen binne langhalich en kinne ferskate kilometers lang en hûnderten meters breed wêze. It deksân is inkelde meters heger as it lân dêromhinne. Troch dat de wyn yn Fryslân út it noardwesten en súdwesten wei kaam waarden de deksânrêgen paraboalfoarmich. Deksân dy't om driuwwâlen hinne ôfsetten, wurde "gurdledeksânrêgen" neamd. Mei it sêftere klimaat oan it begjin fan it Holoseen kaam der mear en hegere plantegroei, dêr't it deksân net langer troch ferwaaie koe en it lânskip fan it Glasiaal waard fêstlein. Deksân dat letter ferstode, benammen yn 'e midsiuwen wurdt stosân neamd.

Nei it Glasiaal

bewurkje seksje

It deksân is aardich kalkearm en dêrtroch ûntjoegen dêr tinne podsolboaiems yn de bewoeksen deksânrêgen. Sûnt de brûnstiid waarden de deksânrêgen hast oeral foar lânbou brûkt. Dat wie yn guon gefallen rôfbou en dêr bleaune nei guon keale rispingen keale sâikkers oer, dy't dêrnei ferstoden. Yn it easten en suden fan Nederlân en yn 'e Stellingwerven yn Fryslân lizze in soad âlde iezen boppe op 'e deksânrêgen. Dat binne ikkers dy't iuwenlang yn gebrûk bleaun binne en mei dong ophege waarden. Yn it westen en noarden fan Nederlân waarden de deksânrêgen faak oerdutsen troch fean, rivierklaai en seeklaai. It deksân komt oeral dêr't gjin rivieren of beken wiene, yn 'e ûndergrûn foar.

Argeologysk ûndersyk rjochtet him gauris op 'e flanken fan deksânrêgen, om't dêr de minsken it meast wennen. De ikkers leine boppe op 'e rêch, greide leine yn 'e fochtige en gauris sompige kriten bylâns de beken tusken de rêgen yn. De boppeste grûnlaach op 'e flanken wie justjes tsjokker as boppe op en dus binne de prehistoaryske lagen minder fersteurd.

Gaasten of geasten binne ferhegings yn it omlizzende lân. Dy wurden komme fan it Aldfryske gāst itjinge "ûnfruchtber" betsjutte, dêr't benammen hegere en relatyf ûnfruchtber sângrûn mei oantsjut waard. Foarbylden binne dêr yn Fryslân, Grinslân en East-Fryslân te finen. Plaknammen mei dy útgong binne ûnder oaren Gaast, Westergeast, Rinsumageast, Gruttegast, Lytsegast, Holtgaste, Grotegaste, Tergast, Holtgast, Hohegaste, Arngast en Dangast.[1] Fierder komt it wurd foar yn de namme Gaasterlân en mooglik yn de doarpsnamme Luttelgeest yn 'e Noardeastpolder.

In tange is de namme foar in sânrêch yn heechfeangebiet yn Westerwâlde yn it easten fan Grinslân[2]. Dêr binne ferskate plakken dy't it as efterheaksel yn 'e namme hawwe: Borgertange, Bourtange, Jipsingboertange, Tange, en Wessingtange.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Noaten
  1. Arend Remmers, Von Aaltukerei bis Zwischenmooren. Die Siedlungsnamen zwischen Dollart und Jade, Lier 2004, side 258.
  2. Etymologiebank
Boarnen