Hohegaste is in stedsdiel fan de stêd Lier yn East-Fryslân.

Hohegaste
Lokaasje fan Hohegaste yn de gemeente Lier
Lokaasje fan Hohegaste yn de gemeente Lier
polityk
lân flagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Lânkring Lier (East-Fryslân)
Gemeente Lier
sifers
oerflak 3,92
oar
tiidsône UTC +1
● simmertiid UTC +2

Hohegaste leit yn it westlike part fan de gemeente en grinzget yn it westen oan de Iems, yn it noarden oan it stedsdiel Nüttermoor, yn it easten oan it stedsdiel Heisfelde en yn it suden oan de binnenstêd. It stedsdiel hat in grutte fan 392 hektare en de útbuorrens Horst, Heisfelder Siel, Heyenhörn en Steinhaus hearre der by. De Bundesautobahn 31 rint dwers troch it stedsdiel hinne, dêr't er troch de Iemstunnel de Iems kruset. Troch de ôfslach Lier-West is Hohegaste mei de autodyk ferbûn.

Yn 1997 waard der in wynmûnepark mei 13 Enercon E-40 wynturbinen en troch Windenergiepark Hohegaste GmbH & Co.Kg beheard. Yn 2017 waarden de 13 turbinen ferfongen troch 4 turbinen fan it type Enercon 101 dy't mei-inoar 12,2 megawatt opwekje. EWE Erneuerbare Energien hat it behear yn 2018 yn 'e mande mei Enova oernommen, dêr't beide bedriuwen elts 50% oandielen yn hawwe.

Hohegaste ûntstie op in geastrêch, dy't bylâns de Iems leit. De útgong -gaste, út it Aldfrysk wei, ferwiist dêrnei. Der binne fynsten dien út de Romeinske tiid en de tiid fan it Grutte Folkeferfarren. Yn 2009 waarden der by bouwurksumheden foar in ierdgaspiiplieding bewenningsspoaren fan de tiid tusken de earste en fyfde iuw n.Kr. fûn.

Yn 1550 waard it plak as hoghe Gast neamd. Op de Eastfryslânkaarten fan Ubbo Emmius út 1599 waard it doarp Gast neamd.

Oant yn it midden fan de sechtjinde iuw moat de in karspeltsjerke stien hawwe. Yn 1882 hie Hohegaste fiif pleatsen. Om 1900 hinne waarden der 79 ynwenners teld, yn 1933 wiene der 96, en yn 1958 101. Fan maaie oant novimber 1939 sieten Joadske twangarbeiders út Wenen fêst yn fiif wurkkampen yn de lânkring Lier wêrûnder yn ien yn Hohegaste. Hja moasten oan de diken fan de Iems, Leda en Jümme wurkje.

Oan de ein fan de Twadde Wrâldkriich lutsen alliearde troepen op oant de westlike Iemsouwer. Fan 26 april oant 29 april 1945 waarden Hohegaste en Nüttermoor troch swier allieard artilleryfjoer rekke. Der ûntstie in soad skea en ferskate minsken kamen derby om it libben, wêrûnder in Frânske kriichsfinzene.

Oant de gemeentlike weryndieling fan 1973 wie Hohegaste in selsstannige gemeente.

  • EWE AG: Wynmûnepark Hohegaste Oproppen op 1 oktober 2019.
  • Arend Remmers: Von Aaltukerei bis Zwischenmooren: die Siedlungsnamen zwischen Dollart und Jade, Schuster, Lier, 2004, ISBN 3796303595.
  • C. H. Jansen: Statistisches Handbuch des Königreichs Hannover,yn Commission der Helwingschen Hofbuchhandlung, Hannover, 1824.
  • Befolkingsûntjouwing fan Hohegaste, yn: Michael Rademacher: Deutsche Verwaltungsgeschichte von der Reichseinigung 1871 bis zur Wiedervereinigung 1990. Landkreis Leer. (Online-Material zur Dissertation, Osnabrück 2006).
  • Paul Weßels: Die jüdischen Arbeitslager 1939 im Landkreis Leer, yn: Tota Frisia in Teilansichten.Hajo van Lengen, Auwerk 2005.
  • Statistisches Bundesamt (Hrsg.): Historisches Gemeindeverzeichnis für die Bundesrepublik Deutschland. Namens-, Grenz- und Schlüsselnummernänderungen bei Gemeinden, Kreisen und Regierungsbezirken vom 27. 5. 1970 bis 31. 12. 1982. W. Kohlhammer GmbH, Stuttgart und Mainz 1983, ISBN 3-17-003263-1, S. 262.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Stedsdielen fan Lier  
BingumHeisfeldeHohegasteLeerortLogaLogabirumNettelburgNüttemoorSintrum
  ·   ·