Heisfelde
Heisfelde is in stedsdiel fan de stêd Lier yn East-Fryslân.
Heisfelde | ||
Loftfoto fan Heisfelde út it súdeasten wei sjoen | ||
polityk | ||
lân | Dútslân | |
Dielsteat | Nedersaksen | |
Lânkring | Lier (East-Fryslân) | |
Gemeente | Lier | |
sifers | ||
ynwennertal | 6275 (2016) | |
oar | ||
tiidsône | UTC +1 | |
● simmertiid | UTC +2 |
Skiednis
bewurkje seksjeYn 1810 waarden de doarpen Heisfelde, Leerort, Bollinghausen en Hohegaste yn it ramt fan de Napoleonske weryndieling ta de gemeente (mairie) Lier foege. Tusken 1840 en 1850 hie Heisfelde tusken de 300 en 400 ynwenners. Der waard benammen ikkerbou en flaaksbou útoefene. De hûzen en pleatsen wiene almeast yn eigendom fan de bewenners. Troch it oanlizzen fan it spoar en it iepenjen fan twa papierfabriken yn Lier, kaam der in tastream fan wurklju. Dêrtroch naam it tal wenten ta. De measte wurklju koene harren allinnich mar hierhûzen tastean. It ynwennertal naam fan 1860 oant 1870 fan 600 oant 700 ta en it tal wenten ferdûle. By in telling yn 1887 wie it ynwennertal al oer de 800. De yn 1779 boude skoalle waard ferdûbele fan ien klasse ta twa klassen. Yn 1968 waard Heisfelde fannijs opnommen yn de gemeente Lier en waard in stedsdiel fan de stêd.
Literatuer
bewurkje seksje- Berend Schröder: Die Dorfschmiede in Heisfelde. Heisfelde 2009
Keppeling om utens
bewurkje seksjeStedsdielen fan Lier | ||
---|---|---|
Bingum • Heisfelde • Hohegaste • Leerort • Loga • Logabirum • Nettelburg • Nüttemoor • Sintrum | ||
· · |