Iemstunnel
De Iemstunnel (Dútsk: Emstunnel) is in 945 meter lange, út twa buizen besteande tunnel tusken de stêd Lier en Jemgum yn East-Fryslân ûnder de rivier de Iems troch yn de Dútske A31 fan Emden oer Lier nei Bottrop.
Iemstunnel Emstunnel | ||
bouwurk | ||
Loftfoto fan de Iemstunnel | ||
lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
Dielsteat | Leechsaksen | |
Lânkring | Lier | |
plak | Lier | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | tunnel | |
boujier | 1989 | |
tunnelet ûnder | Iems | |
wei of spoar | A31 | |
oare ynformaasje | ||
lingte | 945 m |
Skiednis
bewurkje seksjeDoel fan de bou fan de tunnel wie it ferbetterjen fan de ferkearsynfrastruktuer yn Eastfryslân en syn ekonomyske mulpunten Emden en Lier mei in bettere ferbining mei it Ruhrgebiet. Tagelyk waard de east-west ferbining fan de Nederlânske A7 fan Grins ôf oer de A28 nei Aldenburch en Bremen ferbettere.
De Iemstunnel waard fan 1984 oant 1989 boud en op 6 oktober 1989 waard er oplevere.
Nijsgjirrich
bewurkje seksjeNei de Elbetunnel yn Hamburch wie de Iemstunnel de twadde tunnel yn it Noarddútske riviermûningsgebiet dy't oanlein waard. Brêgen wiene foar hege skippen net gaadlik. Yn it gefal fan de Iemstunnel soene de plesierskippen fan de Meyer Werft yn Papenburch te grut west hawwe.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Emstunnel fan Wikimedia Commons. |