Jemgum
Jemgum (Nederlânsk, ferâldere Jemmingen) is in gemeente yn de Dútske dielsteat Nedersaksen, yn it distrikt Leer, oan de Iems. De gemeente hie 3.643 ynwenners yn 2007 en 3.564 yn 2014. De gemeente foarmet mei de buorgemeenten Bunde, Weener en it doarp Bingum yn de gemeente Leer, it Dútske diel fan de streek Reiderlân yn East-Fryslân.
Jemgum | |
---|---|
![]() | |
Flagge | Wapen |
![]() |
![]() |
Sifers | |
Ynwennertal | 3.539 (2015) |
Oerflak | 78,49 km² (ynkl. wetter) |
Befolkingstichtens | 45 / km² |
Hichte | 2 m |
Polityk | |
Lân | ![]() |
Dielsteat | Leechsaksen |
Distrikt | Lier |
Oar | |
Tiidsône | UTC+1 |
Simmertiid | UTC+2 |
Webside | Webstee Jemgum |
Plakken yn de gemeente JemgumBewurkje
De gemeente bestiet út alve kearngebieten (Ortsteilen):
BuorgemeentenBewurkje
De gemeente Jemmingen grinzet oa Bunde, Weener, Leer en Moormerland.
SkiednisBewurkje
Yn 1533 en 1568 wienen by Jemgum twa fjildslaggen, wêrfan't foar Nederlân de slach by Jemmingen út 1568 de wichtichste is.
De hjoeddeiske gemeente Jemgum is in fúzje fan 11 eartiids selsstannige (sjoch hjirboppe) dy't yn 1973 gearfoege waarden ta de nije gemeente Jemgum. It haadplak Jemgum is stifte yn de 8e iuw.
PolitykBewurkje
Njonken it gemeentehûs yn Jemgum is der in gemeenteloket yn it doarp Ditzum.
Gearstalling gemeenteriedBewurkje
De gemeenteried fan Jemgum bestiet út 14 leden. De keazen boargemaster fan rjochtswegen ek lid fan de gemeenteried. Gearstalling fan de gemeenteried:
Partij | Sitten |
---|---|
SPD | 8 |
CDU | 4 |
FDP | 2 |
Boargemaster | 1 (fan rjochtswegen) |
Totaal | 15 |
TriviaBewurkje
De toer fan Midlum stiet skeaner as de Toer fan Pisa efterinoar 6,74° en ± 4°.