Bentumersiel is in doarp (Ortsteil) yn de gemeente Jemgum yn de Nedersaksyske lânkring Lier yn East-Fryslân. It doarp falt ûnder de himrik fan Holtgaste en leit yn it rivierklaaigebiet oan de westouwer fan de Iems tusken Soltborg en Jemgum yn.

It doarp waard foar it earst neamd yn de tsiende iuw. Yn de oarkonden fan de Abdij fan Werden wurdt it plak, Beddinghem neamd, mar dat kin lykwols ek nei it tichteby lizzende Böhmerwold ferwize. Lettere oantsjuttings binne Bentmer Syhl (1823) of Bemer Syhl. De âldste syl yn it doarp wie fan hout, dy't it wetter fan de Bentumertief, en dêrmei in oerflak fan 1255 hektare, ûntwettere. Yn 1753 waard dy, op it hjitten fan Freark II fan Prusen, ferfongen troch in stiennen slûs. Fan 1798 oant 1981 stie der yn Bentumersiel in stienfabryk.

Yn it begjin fan de njoggentjinde iuw telde Bentumersiel trije hûzen en 13 ynwenners. Yn 1964 waard de slûs sletten.

Argeologysk fynplak

bewurkje seksje

Deunby it doarp is der in argeologysk fynplak (Fundplatz Bentumersiel), dy't ien fan mar in bytsje fynplakken fan Romeinsk militêr guod yn Noard-Dútslân is. By de ferskate opgravings njonken Bentumersiel waard der foarsteld dat dêr mooglik in trochfierhaven fan Romeinsk militêr ark wie. Der binne fierders lykwols gjin boarnen foarhannen dat der in Romeinsk legerkamp yn Bentumersiel bestie. Op it fynplak fan Bentumersiel hat in Germaanske delsetting west. Op it grûnwurk fan fynsten fan keramyk en guon brûnzen foarwerpen tinkt it Nedersaksysk Ynstitút foar histoarysk kuste-ûndersyk dat dy delsetting al yn de tredde of twadde iuw f.Kr., alteast op syn minst yn de earste iuw f.Kr., al ûntstie. Yn 2006 waard de Dame fan Bentumersiel ûntdutsen. Dêrby gie it om in grêf fan om 300 n.K. hinne. Dy hie neat mei de fynsten fan de ierromeinske tiid te krijen. It grêf kin sjoen wurde as bewiis fan it sosjaal ferskil fan de Germanen oan de ûnderrin fan de Iems.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

boarnefernijing Foar boarnen en oare literatuer, sjoch Einzelnachweise op dizze side.

  Jemgum  
Haadplak: Jemgum
Doarpen: BöhmerwoldCritzumDitzumHatzumHoltgasteMarienchorMidlumNendorpOldendorpPogum
  ·   ·