Soltborg
Soltborg is in doarp (Ortsteil), dat ûnder it doarpsgebiet fan Holtgaste falt, yn de gemeente Jemgum yn de lânkring Lier yn East-Fryslân. Soltborg bestiet sels wer út Groß- en Klein-Soltborg. Klein-Soltborg leit op in terp op de rivierklaai fan de Iems, wylst Groß-Soltborg oan in Muhde (mûning) tusken Klein-Soltborg en Bingum oan de Iems leit. Tichteby it doarp leit in 8 meter djippe rekreaasjemar dêr't in beachvolleyballplak en in sânstrân fan 100 meter lang binne. De Dútske A31 dy't by it doarp lâns rint, is geunstich foar it yndustryterrein, dêr't in grut oantal bedriuwen fêstige binne.
Skiednis
bewurkje seksjeIt plak waard yn 1432 foar it earst as Zoltburch neamd. Yn 1437 waard it plak Soltburgh neamd. De hjoeddeistige skriuwwize waard om 1900 hinne fêststeld. Fan de santjinde iuw ôf wiene der trije stienfabriken yn it doarp, dy't, benammen yn de achttjinde iuw, fan ekonomysk belang wiene. Op it hichtepunt fan harren ekonomyske ûntjouwing wiene der yn de beide doarpsdielen sân stienfabriken. Yn Groß-Soltborg stiene der yn de earste helte fan de njoggentjinde iuw twa grutte buorkerijen dêr't tolve minsken wennen. Yn Klein-Soltborg wennen der yn 1823 83 minsken, wylst der 25 jier letter 104 minsken wennen.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- Freerk van Lessen (doarpsbeskriuwers fan it Ostfriesische Landschaft): Holtgaste, Gemeinde Jemgum, Landkreis Leer . oproppen op 9 maart 2016
- Touristik Leer: Badesee Soltborg. oproppen op 9 maart 2016.
Jemgum | ||
---|---|---|
Haadplak: Jemgum | ||
Doarpen: Böhmerwold • Critzum • Ditzum • Hatzum • Holtgaste • Marienchor • Midlum • Nendorp • Oldendorp • Pogum | ||
· · |