Holtgaste is in doarp (Ortschaft) yn de Eastfryske gemeente Jemgum yn de Nedersaksyske lânkring Lier. Yn 2015 hie it doarp 235 ynwenners op in oerflak fan 8,46 km². Ta it doarpsgebiet hearre de doarpen en útbuorrens Soltborg, Ukeborg, Deddeborg, Bentumersiel, Jemgumkloster, Geise en it yn 1935 stifte útbuorren Holtgaste tusken it haaddoarp Holtgaste en Soltborg.

Holtgaste
Bestjoer
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Lânkring Lier
Gemeente Jemgum
Sifers
Ynwennertal 235 (30 juny 2015)
Oerflak 8,46 km²
Befolkingsticht. 28 / km²
Hichte 0 - 3,5 m
Oar
Postkoade 26844
Koördinaten 53° 18′ 32″ NB, 7° 20′ 3″ EL
Soltborg op de foargrûn, mei Holtgaste op 'e eftergrûn

Holtgaste is it ekonomysk swiertepunt fan de gemeente Jemgum, om't de Dútske A31 by it doarp del rint. nijbouwiken lizze justjes bûten de histoaryske doarpskearn. Oan de Iems stiet in wichtich gemaal, dy't foar it ûntwetterjen soarget foar de omkriten.

Op it doarpsgebiet fan Holtgaste binne ferskate argeologyske fynsten dien, ûnder oaren út de Romeinske tiid. It doarp waard foar it earst yn 1282 neamd. De bou fan in houten tsjerke yn de njoggende iuw betsjut dat der al bewenning om dy tiid hinne wie. It haaddoarp sels leit op in geastrêch, dêr't "-gaste" yn de namme nei ferwiist. De oare doarpen/útbuorrens lizze op terpen. Jemgumskoster leit op ien fan de âldste terpen yn Dútslân. Yn Bentumersiel is in ferneamd argeologysk fynplak.

Holtergast hie swier te lijen yn de Tritichjierrige Kriich en de Sânjierrige Kriich, mar yn de Twadde Wrâldkriich bleau it doarp besparre fan strideraasjes. Wol kaam der in weach fan de flechtelingen fan Dútsers út de eastlike gebieten fan Dútslân nei de Twadde Wrâldkriich.

Holtgaste wie in selsstannige gemeente, dy't yn 1961 in part fan de gearwurkingsgemeente Jemgum waard. Op 1 jannewaris 1973 waard Holtgaste yn it ramt fan de gemeentlike weryndieling yn Nedersaksen in part fan de ienheidsgemeente Jemgum.

Opfallend foar it doarpsbyld is de âlde Sint-Liugertsjerke út de trettjinde iuw mei syn âld begraafplak. Hy is de âldste tsjerke fan it Reiderlân. Op it plak fan de hjoeddeistige tsjerke stie nei alle gedachten in houten tsjerke. Neffens de berjochten wie de tsjerke in opslachplak fan berôve guod fan Klaus Störtebeker. Yn de rin fan de tiid feroare de tsjerke fan eigeners en de Abdij fan Werden waard de nije eigener. Yn 1282 ferkocht dy de tsjerke oan de biskop fan Múnster, dy't de tsjerke twa jier letter oan de Johanniten fan Jemgum joech.

Nei de Reformaasje naam de lutherske haadlingsfamylje Sirksena de klandyzje fan de tsjerke oer. Dêrom is it ek ien fan de pear lutherske tsjerken yn it yn hege mjitte grifformearde Reiderlân. Hjoed-de-dei is de tsjerklike gemeente Hotgaste mank mei de lutherske gemeente Bingum, by Lier, part fan ien parochy.

De oargel waard yn 1864/1865 makke troch Arnold Rohlfs en beskikt oer in register mei sân pipen.

Untwikkeling ynwennertal

bewurkje seksje

Mei likernôch 235 ynwenners hat Holtgaste hjoed-de-dei suver minder ynwenners as yn de earste helte fan de njoggentjinde iuw. Yn dy tiid wennen der wol mear as 300 minsken yn it doarpsgebiet. It heechste ynwennertal krige Holtgaste nei de Twadde Wrâldkriich, doe't er in soad flechtelingen opnaam. Yn 1950 wiene der me 469 ynwenners it hichtepunt berikt, om dêrnei wer ôf te nimmen. De lêste tiden bleau it ynwennertal hingjen en naam sels fannijs in bytsje ta.

  • Wilhelm Lange (Hrsg.): Die Familien der Kirchengemeinde Holtgaste (1695–1900). Upstalsboom-Gesellschaft, Auwerk 2001, ISBN 3-934508-05-7 (Ostfrieslands Ortssippenbücher, Bd. 59; Deutsche Ortssippenbücher, Bd. A 299).

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar oare boarnen, sjoch Einzelnachweise op dizze side.

  Jemgum  
Haadplak: Jemgum
Doarpen: BöhmerwoldCritzumDitzumHatzumHoltgasteMarienchorMidlumNendorpOldendorpPogum
  ·   ·