Nendorp is in doarp (Ortschaft) yn de Eastfryske gemeente Jemgum yn de Nedersaksyske lânkring Lier. Yn 2015 hie it doarp 126 ynwenners op in oerflak fan 4,22 km². Nendorp hat in agrarysk karakter.

Nendorp
Bestjoer
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Lânkring Lier
Gemeente Jemgum
Sifers
Ynwennertal 126 (30 juny 2015)
Oerflak 4,22 km²
Befolkingsticht. 30 / km²
Hichte 1 m
Oar
Postkoade 26844
Koördinaten 53° 18′ 34″ NB, 7° 18′ 51″ EL
Tsjerke fan Nendorp

Nendorp leit oan de westouwer fan de Iems tusken Jemgum en Ditzum oan de Landstraße. It Nendorper Deichvorland (de utwerwaarde fan Nendorp) is in natoerbeskermingsgebiet fan 117 hektare.

 
De Iemskearing

De namme Nendorp betsjut "nij doarp" foar it tichteby lizzende Oldendorp oer dat "âld doarp" betsjut. Nendorp waard foar it earst om 1500 hinne neamd.

De tsjerke fan Nendorp waard yn 1820 boud.

Nendorp wie in selsstannige gemeente oant 1 jannewaris 1973 doe't er yn it ramt fan de gemeentlike weryndieling yn Nedersaksen gearfoege waard ta de ienheidsgemeente Jemgum.

It doarp is bekend wurden troch de Iemskearing (Emsperrwerk), in keardaam yn de Iems.

  • Klaas-Dieter Voß (Hrsg.): Die Familien der Kirchengemeinde Nendorp (1698–1911). Upstalsboom-Gesellschaft, Auwerk 2011, ISBN 978-3-934508-61-3 (Ostfrieslands Ortssippenbücher, Bd. 88; Deutsche Ortssippenbücher, Bd. 590).

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar oare boarnen, sjoch Einzelnachweise op dizze side.

  Jemgum  
Haadplak: Jemgum
Doarpen: BöhmerwoldCritzumDitzumHatzumHoltgasteMarienchorMidlumNendorpOldendorpPogum
  ·   ·