Oldendorp
Oldendorp is in doarp (Ortsteil) yn de Eastfryske gemeente Jemgum yn de Nedersaksyske lânkring Lier. Yn 2015 hie it doarp 87 ynwenners op in oerflak fan 5,29 km².
Oldendorp | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Nedersaksen | |
Lânkring | Lier | |
Gemeente | Jemgum | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 87 (30 juny 2015) | |
Oerflak | 5,29 km² | |
Befolkingsticht. | 16 / km² | |
Hichte | 2 m | |
Oar | ||
Postkoade | 26844 | |
Koördinaten | 53° 18′ 29″ NB, 7° 17′ 35″ EL |
Oldendorp leit op in âlde ouwerwâl fan de Iems, dy't hjoed-de-dei sa'n 600 meter súdlik fan de Iemsdyk leit. It doarp leit op in hichte fan 0,6 oant 0,8 meter boppe seenivo, wylst it omlizzend lân op seenivo of justjes derûnder leit. Dat late yn it ferline gauris ta ûntwetteringsproblemen. Yn 1954 waard in gemaal by Ditzum boud dy't it oerstallige wetter de Iems yn pompt. De boaiem bestiet yn 'e haadsaak út knipklaai en súdlik fan it doarp út leechfean.
Namme
bewurkje seksjeIt doarp waard yn de tsiende iuw foar it earst Aldonthorpe neamd, en yn 1367 Aldathorp. De namme betsjut "âld doarp" en stiet foar Nendorp oer, dat "nij doarp" betsjut.
Skiednis
bewurkje seksjeDe Iemsouwer waard al yn de iere midsiuwen bewenne. Nei alle gedachten waard Oldendorp yn dy snuorje stifte. By it doarp is in begraafplak út dy tiid wei fûn. Yn 909 waard it doarp foar it earst yn in oarkonde neamd as Aldonthorpe. Yn de lette midsiuwen wie Oldendorp it sit fan in haadling, mar wêr't dy syn stins stien hat, is oant hjoed-de-dei noch net wis.
Oarspronklik hearde Oldendorp ta de Fryske goa Reiderlân. Dy waard wer ferdield yn Boppereiderlân en Nederreiderlân. Oldendorp wie part fan de fâdij Ditzum en it Amt Emden, dy't ta it Nederreiderlân hearde.
Nei de Slach by Jena yn 1806 waard it Reiderlân, op grûn fan Nederlânske oanspraken, út Eastfryslân wei ta it Nederlânske departemint Westeriems yndield. Oldendorp waard part fan it kanton Jemgum yn it arrondissemint Wynskoat.
Nei de delslach fan Napoleon, waard op it Kongres fan Wenen yn 1815 bepaald dat Eastfryslân, mei it Reiderlân, by it Keninkryk Hannover hearre soe. Oldendorp waard part fan it Amt Jemgum yn 1817, dy't yn 1859 by de Krite Weener foege waard. Nei't it Keninkryk Hannover part fan Prusen waard, waard it doarp in gemeente (Kommune) yn de Krite Weener, dy't yn 1932 yn de lânkring Lier opgie.
De NSDAP wie al foar 1933 tige populêr yn Oldenburg. By de rykspresidintsferkiezings fan 1932 krige Adolf Hitler de absolute mearderheid fan de stimmen. Oan de ein fan de Twadde Wrâldkriich leveren Kanadeeske troepen swiere fjochterijen mei Dútske troepen oan de oare kant fan de Iems. Dêrfan tsjûgje noch hieltyd de kûgelgatten yn de westmuorre fan de tsjerke.
Nei de Twadde Wrâldkriich fong it doarp in grut tal flechtelingen op dy't út de eastlike gebieten fan Dútslân ferdreaun waarden. Hja foarmen likernôch 30% fan de befolking.
Op 1 jannewaris 1973 waard Oldendorp yn it ramt fan de gemeentlike weryndieling yn Nedersaksen part fan de gemeente Jemgum.
Tsjerke
bewurkje seksjeDe tsjerke fan Oldendorp waard yn de trettjinde of fjirtjinde iuw as in rjochthoekige sealtsjerke mei oant 1,20 meter tsjokke muorren boud. Oldendorp foel yn de midsiuwen ta de proasdij Hatzum yn it bisdom Múnster. Nei de reformaasje waard it doarp grifformeard-protestantsk. Sûnt 1911 foarmje Oldendorp en it buordoarp Nendorp ien tsjerklike gemeente, dy't de dûmny mei Ditzum dielt.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- Beskriuwing fan Oldendorp yn de histoaryske doarpsdatabank fan it Ostfriesische Landschaft
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar oare boarnen, sjoch Einzelnachweise op dizze side. |
Jemgum | ||
---|---|---|
Haadplak: Jemgum | ||
Doarpen: Böhmerwold • Critzum • Ditzum • Hatzum • Holtgaste • Marienchor • Midlum • Nendorp • Oldendorp • Pogum | ||
· · |