Krite Weener
De Krite Weener (Dútsk: Kreis Weener) wie fan 1885 oant 1932 in lânkring yn de Prusyske provinsje Hannover.
Krite Weener Kreis Weener | |
---|---|
1885-1932 | |
flagge | wapen |
geografyske lokaasje | |
Lokaasje Weener yn Hannover | |
polityk | |
lân | Dútske Keizerryk Dútske Ryk (Weimarrepublyk) |
dielsteat | Prusen |
provinsje | Hannover |
haadstêd | Weener |
talen | Dútsk (offisjeel) Eastfrysk Plat |
foarm | Landkreis |
ûntstien út | Amt Weener |
opgien yn | lânkring Lier |
no diel fan | lânkring Lier |
sifers | |
ynwennertal | 21.329 (1925) |
befolkingstichtens | 73 / km² (1925) |
oerflak | 290,22 km² |
Geografy
bewurkje seksjeDe krite omfieme it gebiet fan it Eastfryske part fan it Reiderlân. Parallel westlik fan de Iems rint de Fryske Strjitte, in midsiuwske hannelswei fan Emden nei Múnster.
Yn it noarden grinzge de krite oan de doetiidske lânkring Emden, yn it easten oan de krite Lier, yn it suden oan de krite Aschendorf en yn it westen oan it Keninkryk fan de Nederlannen.
It gebiet fan de krite beslacht it gebiet fan de hjoeddeistige gemeenten Bunde, Jemgum, Weener en it doarp Bingum, dy't hjoed-de-dei ûnder de stêd Lier falt.
Skiednis
bewurkje seksjeYn 1867 waard it Keninkryk Hannover troch Prusen anneksearre en ta de provinsje Hannover omfoarme. Yn it ramt fan de bestjoerlike weryndieling foar de provinsje waard op 1 april 1885 t úit âlde Hannoverske Amt Weener wei de Krite Weener foarme. It haadplak wie de stêd Weener. De krite waard by de Regierungsbezirk Auwerk yndield.
Yn 1932 waard troch in oardering fan it Prusyske Ministearje fan Bûtenlânske Saken de krite Weener opheft en gearfoege by de krite Lier.
Untwikkeling ynwennertal
bewurkje seksjeJier | 1890 | 1900 | 1910 | 1925 |
---|---|---|---|---|
Ynwenners | 20.431 | 20.525 | 20.537 | 21.329 |
Gemeenten
bewurkje seksjeDe gemeenten fan de Krite Weener mei de ynwennertallen fam 1. desimber 1910 en fan 16. juny 1925:
Gemeente | Yw. 1910 | Yw. 1925 |
---|---|---|
Beschotenweg | 289 | 292 |
Bingum | 735 | 722 |
Boen | 417 | 455 |
Böhmerwold | 115 | 132 |
Bunde | 1811 | 1985 |
Bunderhammrich | 760 | 718 |
Bunderhee | 720 | 817 |
Bunderneuland | 166 | 165 |
Charlottenpolder | 118 | 115 |
Critzum | 285 | 315 |
Diele | 611 | 616 |
Ditzum | 798 | 776 |
Ditzumerhammrich | 803 | 710 |
Hatzum | 351 | 334 |
Heinitzpolder | 101 | 183 |
Holtgaste | 293 | 343 |
Holthusen | 1653 | 1742 |
Jemgum | 1133 | 1073 |
Kirchborgum | 332 | 323 |
Landschaftspolder | 311 | 305 |
Marienchor | 111 | 112 |
Midlum | 307 | 320 |
Nendorp | 135 | 144 |
Oldendorp | 159 | 160 |
Pogum | 293 | 275 |
Sankt Georgiwold | 154 | 128 |
Stapelmoor | 1214 | 1276 |
Vellage | 260 | 235 |
Weener | 3923 | 4127 |
Weenermoor | 1101 | 1275 |
Wymeer | 1078 | 1156 |
Bestjoerders
bewurkje seksje- 1885–1888 Matthias Knaus
- 1888–1893 Lümko Iderhoff
- 1893–1904 Adolf Kriege
- 1904–1909 Karl Gosling
- 1909–1927 Erich Bachmann
- 1927–1927 Hans Freiherr von Oldershausen (kommissarisch)
- 1927–1927 Emil Wehriede (kommissarisch)
- 1928–1932 Benno Eide Siebs
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |