Kirchborgum is in doarp yn it Dútske diel fan Reiderlân yn East-Fryslân. It plak leit oan de Iems noardeastlik fan Weener, dêr't Kirchborgum bestjoerlik diel fan útmakket.

Kirchborgum
De herfoarme tsjerke
De herfoarme tsjerke
Bestjoer
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Lânkring Lier
Gemeente Weener
Sifers
Ynwennertal 278 (31 desimber 2017)
Oerflak 7,93 km²
Befolkingsticht. 35 / km²
Hichte 0,1–4 m
Oar
Postkoade 26826
Offisjele webside
Webstee fan de gemeente Weener
Kaart fan Reiderlân

In earste wisse oanwizing fan it plak datearret út 1447, doe't it Umeborch neamd waard. Oer in noch âldere namme van den Barch yn 1325 is men net ienriedich. Lettere nammen út ferskate boarnen binne: Huweghenborch (1475), Umyngheborch, thon Borgen (1484), Ummeborch, Ummenborch (1487). Op kaarten komme ek de nammen Kerkborgen (1589), Naesteborch (1595) en Borgum (1599) foar. Yn 1645 dûkt foar it earst it Heechdútske Kirchborgen op.

Kirchborgum wurdt tsjintwurdich fakentiden ek sljochtweihinne Borgum neamd.

De earste tsjerke út it jier 1638 waar by in ynbrek fan 'e dyk troch de Iems ferswolge. De hjoeddeiske herfoarme tsjerke waard yn 1827 troch J.B. Kröger yn de klassisistyske styl fan de 19e iuw boud. De tsjerketoer út 1766 fan de âldere tsjerke bleau dêrby bewarre. It is in ienfâldige sealtsjerke fan bakstien mei neoromaanske fersierings lykas lisenen en ramen mei rûne bôgen. It ynterieur wurdt ôfsletten troch in houten tonneferwulft. De Biedermeier-preekstoel komt oarspronklik út de foargongertsjerke. It oargel waard troch de bruorren Rohlfs út Esens boud.

Oan it ein fan de Twadde Wrâldoarloch hie it plak swier te leien ûnder de gefjochten fan de weromlûkende Wehrmachttroepen tsjin de Kanadezen. Ferskate hûzen, de tsjerke en de pastorije rekken swier skansearre. Fan 27 april oant 1 maaie moaste de ynwenners fan Kirchborgum tegearre mei de ynwenners fan Bingum evakuearre wurde. Trije ynwenners fan Kirchborgum stoaren troch de oarlochshannelingen. Yn de kriich kamen 31 manlju fan de gemeente net werom út de striid, hjirûnder foelen 11 fermisten.

Lange tiid wie der in oerset nei Driever oan de oare kant fan de Iems.

Op 1 jannewaris 1973 waard it doarp by de stêd Weener yndield.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Weener  
Haadplak: Weener
Doarpen: BeschotenwegDieleDielerheideHalteHolthusenHolthuserheideKirchborgumMöhlenwarfSankt GeorgiwoldStapelmoorStapelmoorerheideTichelwarfVellageWeenermoor
  ·   ·