Weenermoor

Weenermoor is in doarp yn it Dútske diel fan it Reiderlân en foarmet in Ortsteil fan de gemeente Weener yn East-Fryslân.

Weenermoor
Weenermoor.JPG
Sifers
Ynwennertal 347 (31 desimber 2017)
Oerflak 17,59 km²
Befolkingsticht. 20 / km²
Hichte 0,4 m
Polityk
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Flag of Lower Saxony.svg Nedersaksen
Lânkring DEU Landkreis Leer COA.svg Lier
Gemeente Flagge Weener (Ems).png Weener
Oar
Postkoade 26826
Offisjele webside
Webstee fan de gemeente Weener
It Reiderlân

SkiednisBewurkje

Weenermoor hat as bynamme it wandernde Dorf (it kuierjende doarp), om't it plak mei it oanmeitsjen fan it fean him troch de iuwen hinne nei it westen ferpleatste. Dêrtroch kaam it doarp jimmeroan fierder te lizzen fan de oarspronklike delsetting. Hieltiten wer waarden der hûzen ôfbrutsen en fierder westlik wer opboud. Inkelde bewenners bleaune lykwols op it âlde stee en hjoeddedei drage dizze plakken de namme Dreehusen, Tweehusen en Eenhus (de lêste namme is no offisjeel Dútsk en hjit Einhaus, dat yn it doarp Bingum leit.

Âldere nammen fan Weenermoor wiene Wenighermór (1428), Wenygmoer (1456) en Wengramoor (1496). Yn 1581 bestie Weenermoor út twa dielen: Overmohr en Weenighermohr. Sûnt 1891 makket it plakje Overmohr folslein diel út fan Weenermoor.

 
De tsjerke fan Weenermoor

De herfoarme tsjerkeBewurkje

De herfoarme tsjerke fan Weenermoor waard yn de jierren 1823-1824 boud, nei't in âldere tsjerke út 1660 yn 1815 ynstoartte fanwegen de minne steat fan ûnderhâld. Dizze âldere tsjerke stie in stik eastliker en de ynwenners moasten sa'n ein rinne, dat hja by min waar de sneinske klean ûnder de earm meinamen en harren yn de tsjerke ferklaaiden. De heareboeren betellen de bou fan de nije tsjerke en krigen dêrfoar it rjocht op in fêst plak yn de banken. Dit rjocht waard net earder as yn 1954 opheven.

Keppeling om utensBewurkje

 
Weener
 
Haadplak: Weener
Doarpen: BeschotenwegDieleDielerheideHalteHolthusenHolthuserheideKirchborgumMöhlenwarfSankt GeorgiwoldStapelmoorStapelmoorerheideTichelwarfVellageWeenermoor