Möhlenwarf is in Ortsteil fan de stêd Weener yn it East-Fryske Reiderlân (Nedersaksen). It plak hat goed 1800 ynwenners.

Möhlenwarf
De herfoarme tsjerke fan Möhlenwarf út it begjin fan de 20e iuw
De herfoarme tsjerke fan Möhlenwarf út it begjin fan de 20e iuw
Bestjoer
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Lânkring Lier
Gemeente Weener
Sifers
Ynwennertal 1.807 (31 desimber 2017)
Oerflak 17,59 km²
Befolkingsticht. 103 / km²
Hichte 1,2–4,1 meter
Oar
Postkoade 26826
Offisjele webside
Webstee fan de gemeente Weener
Kaart fan Reiderlân

Sûnt de 18e iuw fêstigen de earste bewenners harren yn it plak. Ynearsten hearde it tsjerklik noch by Weener en yn 1727 komt it plak foar it earst yn de tsjerkeboeken fan Weener foar. Möhlenwarf is net boud op in terp, sa't de namme mei de útgong warf (in keunstmjittich opsmiten hichte) tinke lit, mar op natuerlike hichte tusken Weener en Bunde. It wurd "Möhlen" yn de namme ferwiist nei de lytse hjouwermûne, dy't eartiids yn it fermidden fan de doedestiids lytse boeremienskip fan fiif húzen stie.

Nei't East-Fryslân yn it jier 1744 oan Prusen foel, waard der in begjin makke mei it oanmeitsjen fan it omlizzende fean. Dit soarge foar in ekonomyske ympuls, dy't ta gefolch hie dat it tal ynwenners tanaam. Doe't de wei nei Möhlenwarf yn it midden fan de 19e iuw ferhurde waard groeide de befolking op 'e nij. Lykwols betsjutte dat ek dat de perselen agrarysk te brûken grûn mei de tiid jimmeroan lytser waarden. Hjirtroch ferearme de befolking en moasten hja harren libbensûnderhâld tenei as arbeiders by de boerebedriuwen yn it Reiderlân fertsjinje.

De sitewaasje waard better doe't it spoar Lier-Nijeskâns oanlein waard en Möhlenwarf in stasjon krige. Mei it frachtferkear dat it stasjon meibrocht naam de ekonomyske betsjutting fan Möhlenwarf no wer ta. Njonken in protte lytse bedriuwkes krige it plak ek twa nije mûnen.

Yn 1909 waard de neogotyske herfoarme tsjerke fan Möhlenwarf ynhuldige.

Nei de Twadde Wrâldoarloch naam it belang fan it ferfier oer it spoar bot ôf, wat der ta late dat it stasjon yn 1963 sletten waard.

It eardere ûnôfhinklike doarp waard as ûnderdiel fan in bestjoerlike weryndieling yn 1972 in Ortsteil fan Weener.

  • Heimatkundlicher Arbeitskreises e. V. Weenermoor – Möhlenwarf – Sankt Georgiwold – Beschotenweg (Hrsg.): 10 Jahre Chronik des Heimatkundlichen Arbeitskreises e. V. Weenermoor – Möhlenwarf – Sankt Georgiwold – Beschotenweg, Selbstverlag, Weener 2005.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  Weener  
Haadplak: Weener
Doarpen: BeschotenwegDieleDielerheideHalteHolthusenHolthuserheideKirchborgumMöhlenwarfSankt GeorgiwoldStapelmoorStapelmoorerheideTichelwarfVellageWeenermoor
  ·   ·