Bunderhee
Bunderhee is in doarp yn it Reiderlân. It plak leit tusken Bunde en Ditzumerverlaat yn de Eastfryske lânkring Lier. Bunderhee heart ta de gemeente Bunde.
Bunderhee | ||
De stins Bunderhee | ||
Polityk | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Nedersaksen | |
Lânkring | Lier | |
Gemeente | Bunde | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 598 (2008) | |
Oerflak | 16,17 km² | |
Befolkingsticht. | 37 | |
Hichte | 0 m | |
Oar | ||
Postkoade | 26831 | |
Koördinaten | 53° 13′ 17″ NB, 7° 18′ 2″ EL |
It doarpsgebiet fan Bunderhee leit foar in part yn de âlde himrik fan Bunde en foar in part yn de polder, dat wol sizze it oanslike lân fan de Doalert dat omdike waard. Eartiids waarden dy gebieten troch in dyk skaat. Doe't it oanslike lân omdike waard, wie de dyk net mear nedich as wetterkearing, en waarden der weingatten yn makke om diken trochhinne oan te lizzen nei de polder ta.
Under Bunderhee stiet de Stins Bunderhee, de âldste boarch yn East-Fryslân. Tsjin de stins oan leit de histoaryske tún Tammen, in slingertún yn Ingelske lânskipsstyl fan om 1900 hinne.
Galery
bewurkje seksje-
Sinne-opgong yn Bunderhee
-
Súdkant fan de Stins Bunderhee
-
Histoaryske tún Tammen, mei de stins op de eftergrûn
-
Histoaryske tún Tammen mei it hearehûs op de eftergrûn
-
It hearehûs, in Eastfryske pleats dy't in beskerme monumint is
Ferneamde ynwenners
bewurkje seksje- Jacques Groeneveld 1892 - 1983), Dútsk politikus (NSDAP)
- Johanne Modder (12 july 1960), politika (SPD)
Bunde | ||
---|---|---|
Haadplak: Bunde | ||
Doarpen: Boen • Bunderhee • Dollart • Wymeer | ||
· · |