Dollart is in Ortschaft yn de gemeente Bunde yn it Eastfryske Reiderlân. De namme fan de himrik is ôflaat fan it oanswettende wetter de Doalert en omfiemet de doarpen Ditzumerhammrich, Ditzumerverlaat, Heinitzpolder, Kanalpolder, Landschaftspolder en Bunderhammrich, dy't allegear as dykstreekdoarpen ûntstien binne. In doarpskearn Dollart bestiet lykwols net.

Dollart
Wettermûne oan de Wynhamster Kolk
Wettermûne oan de Wynhamster Kolk
Bestjoer
Lân flagge fan DútslânDútslân
Dielsteat Nedersaksen
Lânkring Lier
Gemeente Bunde
Sifers
Ynwennertal 1258 (2004)
Hichte -2,5 - -3,5 m
Oar
Postkoade 26831
Koördinaten 53° 15′ 32″ NB, 7° 16′ 1″ EL
Kaart fan it Reiderlân mei Bunderhee
Mûnestomp yn Ditzumerverlaat

It Ortschaft hie yn 2004 in ynwennertal fan 1.258, dy't oer de doarpen ferspraat binne.

It Ortschaft leit eastlik fan de Doalert en wurd troch diken beskermme tsjin it seewetter. It gebiet fan it Ortschaft ûntstie troch lânoanwinning en leit op fruchtber seeklaaigrûn. Dollart grinzget yn it noarden en noardeasten oan de gemeente Jemgum, yn it súdeasten oan de himrik fan Bunderhee en yn it suden oan Bunde.

Ferskate kanalen en tochtsleatten tsjinje as ûntwettering foar it leech lizzend lân. It gea om de Wynhamster Kolk leit 2,5 meter ûnder seenivo en is ien fan de leechste plakken yn gâns Dútslân.

It gebiet yn en om de Doalert wie yn de midsiuwen reedlik ticht befolke. It gebiet bestie meast út feangrûn. Mei it trochbrekken fan de Doalert yn de fjirtjinde oant de sechtjinde iuw rekken der ferskate doarpen en karspels ûnder wetter. Yn de iuwen dêrnei begûn it wetter stadichoan ticht te slykjen en waarden der diken om it ynslike lân hinne oanlein. Dat oanslike lân bestie út fruchtbere seeklaai. It Ortschaft Dollart tanket syn bestean út it nije lân. Nei it weromlûken fan de Doalert waard mei it dykbouwen úteinset. Yn 1707 waard Bunderhammrich yndike, yn 1752 Landschaftspolder, yn 1773 en 1794 Heinitzpolder en fan 1874 oant 1877 Kanalpolder.

Yn de Frânske tiid waard it gea yn 1807 part fan it Nederlânske departemint Westeriems. Yn 1813 waard de earste "gemeente Dollart" oprjochte dy't bestie út de doarpen Landschaftspolder, Heinitzpolder, Bunderhammrich, Böhmerwold en Sankt Georgiwold. Nei de delslach fan Napoleon waard Eastfryslân part fan it Keninkryk Hannover. Ditzumerhammrich en Ditzumerverlaat foelen oant 1852 ûnder de gemeente Ditzum. Yn 1885 waard Eastfryslân Prusysk. Nei de Twadde Wrâldkriich kaam der yn ferhâlding in grutte stream flechtelingen út it easten fan Dútslân. Yn 1966 waard as earste yn de lânkring Lier de gearwurkjende gemeente Dollart oprjochte. Op 1 jannewaris 1973 waard de gearwurkjende gemeente omfoarme ta de ienheidsgemeente Dollart en waard part fan de gearwurkjende gemeente Bunde. Op 1 novimber 2001 waard ek dy gearwurkjende gemeente opheft en omfoarme ta in ienheidsgemeente en waard Dollart winliken ien doarp.

De grutte mearderheid fan de ynwenners heart by de Evangelysk-Grifformearde Tsjerke. Yn Ditzumerverlaat ûntstie yn 1887 in grifformearde gemeente en yn 1896 in eigen tsjerke om de fiskers en skippers it paad nei Ditzum te besparjen. Nei it yndykjen fan Landschaftspolder yn 1752 waard yn 1768 de tsjerke fan Landschaftspolder oprjochte. Yn 1865 waard yn Ditzumerverlaat in baptistegemeente oprjochte dy't yn 1899 in kapel bemachtige.

  • Harm Wiemann u. a.: Aus vergangenen Tagen: Chronik der Samtgemeinde Bunde. Hrsg. Samtgemeinde Bunde. Selbstverlag, Bunde 1983.
  • Johann Schulte: Verlaat - (K)eine Chronik der ehemaligen Gemeinde Dollart. Feestútjefte foar it 250-jierrich bestean fan Ditzumer-Verlaat. Artline, Bunde 2003.

Keppelings om utens

bewurkje seksje
  Bunde  
Haadplak: Bunde
Doarpen: BoenBunderheeDollartWymeer
  ·   ·