Landschaftspolder
Landschaftspolder (Lânskipspolder) is in doarp en polder yn it Eastfryske Reiderlân yn de gemeente Bunde. It doarp is in Ortsteil fan it Ortschaft Dollart. De uterste westkant fan it doarp leit tsjin de grins mei Nederlân oan. It doarp hat in ynwennertal fan likernôch 130.
Lizzing
bewurkje seksjeLandschaftspolder grinzget yn it noarden oan it letter oanleine Kanalpolder, yn it westen oan Ditzumerverlaat, en yn it suden oan it gemeentehaadplak Bunde. It doarp waard oan in keunstmjittige wetterrin oanlein en leit op fruchtbere seeklaaigrûn.
Untwikkeling fan de doarpsnamme
bewurkje seksjeLandschaftspolder ûntstie op it oanslike lân fan de Doalert. Sediminten dy't troch it seewetter ôfset waard, besonken nei leech tijwetter. It gebiet waard doe Wynhamster Außendeich (Wynhamster Uterdyks) neamd, en dêrnei Bunder Anwachs (Bunder Oanwaaks). Nei it berrikken fan in bepaalde hichte, waard it lân bedike. Sokke polders wurde yn it easten fan East-Fryslân Groden neamd, en yn it westen Polder. Dêrom krige it gebiet de namme Neuer Bunder Polder (Nije Bunder Polder), dêrnei Preußenpolder (Prusenpolder), dêrnei Friedrichspolder, en ta einbeslút Königspolder (Keningspolder). Nei't de polder yn 1752 oan it Ostfriesische Landschaft (Eastfrysk Lânskip/Eastfryske Gea)) ferkocht waard, waard de namme Neuer landschaftlicher Polder (Nije Lânskiplike Polder), dêrnei Preußischer Landschaftspolder (Prusyske Lânskipspolder), en dêrnei de hjoeddeistige namme Landschaftspolder (Lânskipspolder).
Skiednis
bewurkje seksjeBewiis fan de ierste bewenning yn it gea is in geweibile, dy't út it Mesolitikum of iere brûnstiid stammet, en dy't by opgravings yn 1992 fûn waard. Fynsten út lettere tiidrekken oant it bedykjen binne lykwols net fûn.
It gebiet fan de hjoeddeistige Doalert wie oant de ein fan de midsiuwen in bewenne gebiet. It gea bestie foar it grutste part út feangrûn en wie reedlik ticht befolke. De Doalert ûntstie, kreksa as de Jade troch in searje dyktrochbraken yn de lette midsiuwen, dêr't it seewetter it feangebiet ûnderstrûpte. Troch it ûntstean fan de Doalert rekken op syn minst tweintich karspels, tsien oant fyftjin oare doarpen, en trije kleasters ferlern. De westlike Doalertboezem ûntstie yn de fyftjinde iuw. Al yn 1454 waard in needdyk boud fan de Iemsouwer ôf troch it feangeniet nei de hegere geastgrûn by Finsterwolde om it Aldamt te beskermjen. De eastlike Doalertboezem, dêr't Landschaftpolder hjoed-de-dei yn leit, ûntstie nei alle gedachten yn de 1460-er jierren. Grutte parten fan dat gebiet wie noch net troffen troch it seewetter, doe't it wetter by de Twadde Kosmas- en Damianusfloed yn 1509 en de Antoniusfloed yn 1511 it lân fier ynkrong.
Al ûnder de hearskippij fan de Sirksena's waard om 1600 hinne úteinset mei de lânoanwinning yn it Bundernijlân. Nei't Eastfryslân part fan Prusen waard, waard it bedykjen ûnder harren liederskip fuortset. De súdlike Doalert like in gebiet te wurden mei in moaie nije lape grûn derby. De sediminten wiene al sadanich heech ôfset dat der in grutter gebiet yndike wurde koe. Der waard 100.000 thaler foar it projekt útlutsen. It wie oant doe ta it grutste lânoanwinningsprojekt yn Prusen. Nei in besite yn 1751 joech kening Freark II syn goedkarren.
It gebiet wie mei in oerflak fan 12,25 km² doe de grutste polder fan East-Fryslân. Op eigen kosten fan de kening waarden der 2000 manlju opgarre foar it ynpolderjen, dy't yn april 1752 mei it wurk úteinsetten. Mei in moanne fertraging wie op 1 desimber fan dat jier it wurk ree.
Nei't it bedykjen dien wie, kamen de earste bewenners yn de polder. Yn it midden fan it ynpoldere lân waard in dyk fan sân kilometer en dêrnjonken in kanaal foar it ûntwetterjen oanlein. De polder waard ferparte yn perselen, dêr't 24 pleatsen mei lytsere arbeidershûzen boud waarden oan de súdeastlike kant fan de dyk. Dêrfan waarden der trije pleatsen mei in oerflak fan 205 hektare ferkocht en it oerbliuwende part ferpachte. De earste pachters kamen foar it grutste part út Nederlân wei, en wiene fan hûs út belidend-grifformeard.
Nei't de oarspronklike plannen foar in plande maatskippij op it nije lân mislearren, waarden de ferpachte pleatsen en lân lang om let yn 1756 foar 240.000 thaler oan it Ostfriesische Landschaft ferkocht. Nei tastimming fan kening Freark de Grutte waard yn 1768 it doarp fan de polder de grifformearde tsjerke fan Landschaftspolder boud. yn 1766 waard de earste skoalle iepene.
Nei de Slach by Jena yn 1806 waard Eastfryslân in part fan it Keninkryk Hollân en rekke dêrmei yn de Frânske machtssfear. Dy anneksaasje waard by de Frede fan Tilsit yn 1807 troch Prusen erkend. Under Nederlânsk bestjoer fûn der in administrative reorganisaasje plak. Sa waard it doarp fan Landschaftspolder de sit fan de Commune Landschapspolder, dêr't ek de gemeenten Heinitzpolder, Bunderhammrich, Böhmerwold en Sankt Georgiwold by oansletten waarden. Hja wiene part fan it kanton Jemgum yn it arrondissemint Wynskoat fan it departemint Westeriems. Nei de delslach fan Napoleon waard de tastân wer weromdraaid as foarhinne en de gemeenten fan de Commune Landschapspolder fannijs selsstannich.
Yn 1833 waard it foar de pachters fan it Ostfriesische Landschaft mooglik en foarmje harren erfpacht om yn eigendom. Yn 1874 kocht in koöperaasje de twadde stoommasine dy't brûkt waard yn de Eastfryske lânbou. Yn 1934 krige de polder elektrisiteits-, yn 1963 wetter-, en yn 1987 in gasoansluting. Nei de Twadde Wrâldkriich waard der yn it ramt fan in grinskorreksje 80 hektare oan Nederlân ôfstien. Yn 1966 waard de gearwurkjende gemeente Dollart oprjochte, dy't út de doarpen en eardere gemeenten Ditzumerhammrich, Ditzumerverlaat, Bunderhammrich, Heinitzpolder en Kanalpolder bestie. Landschaftspolder sleat him dêr yn 1969 by oan. Yn 1973 ferlear er syn folsleine selsstannigens en waard de gemeente Dollart as in ienheidsgemeente part fan de gerwurkjende gemeente Bunde. Yn 2001 waard dy ek omfoarme ta in ienheidsgemeente.
Untwikkeling ynwennertal
bewurkje seksjeLandschaftspolder hat hjoed-de-dei om-ende-by 130 ynwenners en heart dêrmei ta de lytste doarpen fan East-Fryslân.
|
|
Keppeling om utens
bewurkje seksje- Beskriuwing fan Landschaftspolder yn it histoaryske doarpsdatabank fan it Ostfriesische Landschaft
Literatuer
bewurkje seksje- Hartmut Rebuschat: Landschaftspolder. Leben auf dem Meeresgrund. Selbstverlag, Landschaftspolder 2007.
- Klaas-Dieter Voß (Hrsg.): Die Familien der Kirchengemeinde Landschaftspolder (1766–1911) (= Ostfrieslands Ortssippenbücher. Band 62). Upstalsboom-Gesellschaft, Auwerk 2002, ISBN 3-934508-09-X (Deutsche Ortssippenbücher, Band A 316).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Bunde | ||
---|---|---|
Haadplak: Bunde | ||
Doarpen: Boen • Bunderhee • Dollart • Wymeer | ||
· · |