Slyk
Slyk is in drûchfallende plaat yn in tijgebiet. Sliken falle drûch by leechwetter en strûpe ûnder by heechwetter. Sliken komme foar ûnder oaren yn de Waadsee.
Slyk hat hast deselde betsjuttenis as waad. Mei slyk kin ek de modderige (net-sânige) grûn bedoeld wurde dy't gauris op drûchfallende platen te finen is. Yn dy sin is it in grûnsoarte.
Sliken strûpe twaris in etmiel ûnder. Dêrmei besinkt it sedimint dy't it seewetter ôfset. Dy laach lit al rillegau gjin farsk wetter mear troch dêr't it wetter al fan in pear millimeter ôf ûnder it oerflak by net mear ferfarske wurdt en al gau soerstofleazens ûntstiet. Der foarmet in swarte laach as gefolch fan ûnder soerstofleazens bedjerrende deade oerbliuwsels fan wier en oare organismen. De swarte laach stjonkt as bedoarne aaien, as gefolch fan de wetterstofsulfide dy't by anaeroob bedjerren foarme wurdt. Yn dy slykôfsetting kinne planten net dije.
It ûnderskaat tusken slyk en kwelders is dat kwelders allinnich by heech springtij ûnder wetter stean, en sliken hast altyd by heechwetter. Dêrtroch waakst der neat op sliken, ta tsjinstelling fan kwelders. Nettsjinsteande dat komt der op sliken in soad libben foar, lykas wetterbisten dy't harren yn it sân ferbergje. Dy foarmje in rike itensboarne foar fûgels.
Sjoch ek
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Mudflats fan Wikimedia Commons. |