Ditzumerverlaat (ek: Ditzumer-Verlaat of Ditzumer Verlaat) is in doarp yn it Eastfryske Reiderlân yn de gemeente Bunde en is it haaddoarp en tagelyk ek it synonym fan it Ortschaft Dollart. It begryp "Verlaat" is Eastfrysk Plat foar fallaat, in lytse slûs tichteby Ditzum, dy't it doarp syn namme jûn hat. It doarp hat likernôch 1300 ynwenners.

De grifformearde tsjerke fan Ditzumerverlaat
Ditzumerverlaat yn it Reiderlân
Baptistekapel fan Ditzumerverlaat

It doarp ûntstie justjes nei it oanlizzen fan de Landschaftspolder yn 1752 as in delsetting fan lânwurklju, polderwurklju en lju fan de middenstân. It is in dykdoarp, dat lykas Drieborg oan de oarekant de Doalert op in eardere seedyk boud waard. De namme komt fan in skutsslûs of fallaat op it plak dêr't de doetiidske ôfwetteringskanaal de Ditzum-Bunder Sieltief de dyk trochkrúst. Dat kanaal mûnet út yn de Iems by Ditzum. De útbuorren hiet ynearsten beim Verlaat. De namme Ditzumerverlaat waard yn 1810 gongber. Pleatslik wurdt it doarp noch hieltyd Verlaat neamd en de bewenners wurde Verlaatjer neamd.

It doarp wie sûnt 1852 part fan de gemeente Ditzumerhammrich en waard yn 1966 mei guon buordoarpen gearfoege ta de gemeente Dollart dy't yn 2001 opgie yn de gemeente Bunde.

It gebiet hearde yn de midsiuwen ta de buorskip Wynham en wie mooglik part fan it ferdronken karspel Ditzumerwold. Oan de ein fan de Klosterlohne is de midsiuwske stinswier De Warf of Waterborg dêr't nei alle gedachten in stins fan in haadling stie. Lykas oan de Grinslânske kant waard ek in grut part fan it Eastfryske part fan it ferdronken lân fan Reiderlân weromwûn op de Doalert.

It earste bedykjen wie dy fan Bunderhammrich yn it begjin fan de sechtjinde iuw. By in dyktrochbrek yn 1601 ûntstie de Wynhamster Kolk fan 160 hektare, dy't yn 1804 mei in muonts drûchmeald waard. De eardere wiel is mei syn lizzing fan 2,2 meter ûnder de seespegel it leechste punt fan Nedersaksen.

Op santjinde en achttjinde iuwske kaarten waard it hiele gebiet Reiderhammrich of Reiderhammerick neamd, en belestingsregisters hawwe it oer Hammerich en Nie Hammrich. Flak foar de kust lei it eilân Utbeerte, dêr't neffens printe kaarten ien of mear bewenne halligen te finen wiene. De kaart fan Jacob van Mersch fan 1574 neamt de namme Hambrich justjes noardliker. Dat gebiet waard letter drûchlein as part fan de Heinitzpolder.

It gebiet fan Wynham waard ynearsten mei Bunderhammrich en Hatzumerfehn by it karspel Marienchor rekkene, om't de befolking himsels minder mei Ditzum ferbûn fielde, en om't de predikant dêr oant 1650 luthersk wie. Nei it ynpolderjen fan de Landschaftspolder yn 1752 woeks de befolking en begûn dy him mear op Ditzum te oriïntearjen. Yn 1810 hie it doarp in eigen (Nederlânsktalige) skoalle. Dêrnjonken wie der in lytse skoalle yn de útbuorren Aaltukerei. Yn de Frânske tiid hearde it doarp tydlik ta de gemeente Landschaftspolder. Bunderhammrich waard yn 1817 by Bunde foege, en Ditzumerverlaat en Ditzumerhammrich foarmen sûnt 1852 harren eigen gemeente.

Nei de wettersneed fan 1877 spielden de liken oan fan dykwurklju dy't yn de Reiderwolderpolder ferdronken wienen. Der foelen 37 slachtoffers, dêr't 35 fan dêre begroeven waarden.

Oan de ein fan de Earste Wrâldkriich fûn der yn it doarp rebûlje fan lânwurklju plak dy't bekend waard as de "spekoptochten" (Speckumüge). In nust lilke en hongerige lânwurklju en demobilisearre soldaten lutsen by de pleatsen del en easken dêr it spek dat de grutboeren noch in foarried hiene. In grut tal lânwurklju waard letter bestraft mei lange finzenisstraffen. De herfoarme dûmny fan de Landschaftspolder dr. Arnold Wilhelm Nordbeck stipe harren. Om't it net mooglik wie him dien te jaan, besleaten de tsjerkebestjoerders dêrom de gemeente op te heffen.

Lykas in soad doarpen yn it Reiderlân, allyksa as op oare plakken op it plattelân yn Jeropa, hat ek Ditzumerverlaat te krijen mei it weromrinnen fan it tal ynweners en dêrtroch ek foarsjennings. Fan de eardere bdriuwigens yn it doarp binne der noch mar in pear winkels oer. Hoewol't de doarpsskoalle ek yn syn bestean bedrige waard troch it weromrinnen tal learlingen, waard yn 2009 in nije Grundschule boud, dy't ornearre is foar bern út de wide omkriten. It gebou waard sa ûntwurpen dat it maklik omboud wurde kin ta wenten as de skoalle net fuortbestean bliuwe kin.

It grutste part fan it doarp heart ta de evangelysk-grifformearde tsjerke. It doarp krige yn 1896 in neogoatyske sealtsjerke mei dakruter foar de tsjerkeklok. Sûnt 1844 waarden de grifformearde tsjerketsjinsten yn it pleatslike skoalgebou holden. Earder wiene de ynwenners oanwiisd op de tsjerke fan Ditzum. Ek de ynwenners fan de omlizzende polders waarden part fan de nije gemeente. It oargel waard yn 1970 troch oargelbouwer Ernst Leeflang fan Apeldoarn. Yn 1992 kaam der in klokketoer yn modernistyske styl by. Sûnt 1865 is der yn Ditzumerverlaat in baptistegemeente, dy't yn 1899 in eigen kapel krige.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  • Johann Schulte, Verlaat - (K)eine Chronik der ehemaligen Gemeinde Dollart. Festschrift zur 250-Jahrfeier von Ditzumer-Verlaat, Bunde 2003
  • Klaas-Dieter Voß (red.), Die Familien der Kirchengemeinde Ditzumerverlaat (1853-1900), Auwerk 1999 (Ostfrieslands Ortssippenbücher, dl.. 53)
  Bunde  
Haadplak: Bunde
Doarpen: BoenBunderheeDollartWymeer
  ·   ·