Ditzumerwold
Ditzumerwold, ek wol Dertsamewolt, wurdt om 1475 hinne neamd as ien fan de karspels dy't yn de Doalert ferdronken rekken. Nei alle gedachten wie it in feandoarp yn it efterlân fan it hjoeddeistige doarp Ditzum. It doarp Ditzumerhammrich waard yn 1469 as Ditzumer hammerke neamd. Yn dy omkriten binne de perseelsnammen De Brook, Fahne (in eardere kwelder) en Fahnster Rhiede (een eardere waadril).[1] Dy toponimen wize op in âldere feanterij. By Ditzumerverlaat leine om 1620 hinne lânguod fan it Schaeckßwoldt of uffem Schoekswoldt, dêr't de diken troch de Wynhamster Lande fan ûnderholden waarden.[2]
Keppeling om utens
bewurkje seksje- Ostfriesische Landschaft: Ditzumerhammrich
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|