Gaasterlân (krite)

(Trochferwiisd fan Gaasterlân (streek))

Gaasterlân is in krite yn de Súdwesthoeke fan de provinsje Fryslân mei in oerflak fan sa'n 7570 ha. en in east-west lingte fan likernôch 15 kilometer. De krite leit yn de gemeente De Fryske Marren. De eardere gemeenten Gaasterlân-Sleat en Nijefurd binne part fan it Gaasterlân.

Wynmotor Mirns oan de súdgrins fan Gaasterlân, it Iselmar
Sicht fan Hegeburgsterwei nei de Iselmar.
Kitesurfers by it Murnser Klif.
Dizze side giet oer de lânstreek Gaasterlân. Foar de eardere gemeente, sjoch: Gaasterlân (gemeente).

De krite mei syn hichten en bosken foarmet in kontrast mei it foar it measte part flakke greidekarakter fan Fryslân. Dy reliëfs yn it lânskip hieten eartiids gaasten of geasten. Geasten binne yn de Saalien-iistiid opdreane balstienliemrêgen, oerdekt mei in laach deksân. De leger lizzende dielen fan Gaasterlân hawwe in feanige ûndergrûn fan inkelde desimeters klaai oerdutsen.

Ut reden fan de sânferstowingen hjir en op oare plakken yn Nederlân hat Steatsboskbehear it gebiet om 1900 hinne beplante mei bosk. De balstienhichten foarmje in natuerlike seewarring tsjin it wetter fan de âlde Sudersee en foar it Iselmar fan no. Ien dêrfan is it Murnser Klif. It heechste punt fan Gaasterlân leit sa'n 12,70 meter boppe NAP súdwestlik fan Aldemardum oan de râne fan it Jolderenbosk. Dêr stiet in loftwachttoer dy't jin in moai útsjoch oer lân en see besoarget. Oare bosken yn it Gaasterlân binne de Bremer Wyldernis en it Lycklamabosk.

Plakken yn Gaasterlân binne: Aldemardum, Bakhuzen, Riis, Nijemardum, Sondel, Warns en Laaksum.

Yn it Rysterbosk, eigendom fan it It Fryske Gea, is in stíennen oerbliuwsel fan de trachterbekerkultuer fûn. Dat hunebed (of stienkiste) tsjûget fan de iere bewenning fan de kontrei. Ek binne der fynsten út de iere Midsiuwen bekend, wylst de doarpen Mirns, Harich en Wykel al yn de 12e en 13e iuw neamd wurde. De delsettingen ûntstienen oan de râne fan it hege gebiet. Alde- en Nijemardum krigen it karakter fan in esdoarp, Harich waard in lintdoarp. It sintrale hege sângebiet wie meast heide, de lege kriten wienen allinnich gaadlik foar jacht op wyld, fiskjen en as healân.

De konflikten tusken Skieringers en Fetkeapers binne net oan Gaasterlân foarby gien. De lizzing tusken Starum en Sleat, yn de midsiuwen wichtige plakken, en de ferdieldens tusken de hearen fan it kontrei sels, brochten Gaasterlân plondering en brân, sa as yn Harich, Sondel en Wikel. Ek de 16e iuwske striid tusken de Geldersen en Saksen en de neisleep dêrfan spile hjir.

Yn de rêstiger tiid nei 1600 koe Balk, dat opkaam wie oan De Luts by de oergong fan de wei Harich-Wikel, him ûntjaan ta haadplak fan de gritenij.Yn de 17e- en 18e iuw gie de ûntginning oan de rânen fierder en it hegere midden waard starichoan mear beboske. Op de kaart fan Schotanus (1664) binne noch mar in pear boskjes te sjen, û.o. by Balk en Wikel. Yn de 19e iuw is it foaral de famylje Van Swinderen, fan it Hûs Riis, dy't in soad dien hat foar dike- en boaiemferbettering (û.o. troch terpmodderjen) en dy't boskbou stimulearre.

Iikskille snip- en klysterflappe wienen foar de arbeiders en lytse boeren in wichtige boarne fan byfertsjinst. Nei 1900 hat de 'Mij Gaasterlân' in protte bosk kappe, fral tusken Bakhuzen en Riis. Boulân en greide kamen dêr foar yn it plak en iik en fûgels waarden fan minder belang.

Oare wichtige saken wienen noch de ynkertiering fan Belgyske flechtelingen yn 1914-1918 en de fêstiging fan in V2-rakettebasis yn 1944/45. Nei de Twadde Wrâldkriich krige de âlde namme Wyldemerk in nije klank doe't der in Ambonezekamp mei dy namme kaam op 1 km westlik fan Kippenburch. It isolemint naam nei de oarloch hurd ôf; Gaasterlân is net mear it 'aparte' gebiet fan eartiids.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Gaasterland.