V-wapens

(Trochferwiisd fan V2-raket)

V-wapens (ôfkoarting fan de Dútske namme Vergeltungswaffen, 'ferjildingswapen') is de troch de Nazi-Dútske propagandaminister Joseph Goebbels ynbrochte namme foar in tal wapens dy’t oan de ein fan de Twadde Wrâldkriich troch de Dútsers yn gebrûk naam waard om it Dútske leger wer oerwicht yn de oarloch te besoargjen. Hoewol’t Dútslân mear fan dy 'wûnderwapens' ûntwikkele waard de oantsjutting V-wapen foar trije dêrfan brûkt.

Fan dy trije binne allinne de V1 en V2 yndie brûkt. Dy ‘fleanende bommen’ wienen de foarrinners fan de late wapens dy’t letter komme soene. Proeven yn Dútslân (1930) leine de basis foar de ûnder lieding fan Wernher von Braun boude V-wapens.

De V1 wie in ûnbemanne fleantúchje fan sa’n 8 meter lang, dat mei in kattepûlynstallaasje de loft ynbrocht waard. De motor wie in pulsearjende strielmotor, dy’t op benzine rûn. At in yn it foar ynstelde ôfstân ôflein wie (maksimaal 300 km) gie de motor út en dûkte it tastel nei de grûn en eksplodearre. Fan juny 1944 ôf waarden sa’n 8000 V1’s lansearre, benammen mei Londen as doel, wêrfan sa'n 2400 harren bestimming berikten. Ek op Antwerpen waarden V1's rjochte.

De V2 wie in raket fan ± 14 meter lingte. De motor wurke op floeibere soerstof en alkohol. Nei de lansearring folge it wapen in ballistyske baan. Fan septimber 1944 ôf waarden goed 3000 V2's ôfsketten nei doelen yn Ingelân en Belgje. Mear as de helte is op of tichtby it doel delkomd. Ut de V2 kaam de Wasserfall-raket fuort, dy't ek wolris oantsjutten waard as V3, mar dy't dy namme nea offisjeel krigen hat. Yn 1944/45 wie der ek in V2-raketbasis yn Gaasterlân fêstige.

De V3 wie in hegedrukkanon, mei in loop fan likernôch 120 meter, dat mei hege faasje mânske projektilen oer in ôfstân oant 90 km sjitte moatte kinne soe. In kompleks mei fiif fan de kanonnen waard boud yn Mimoyecques yn Frankryk. Dy wienen op Londen rjochte, mar de batterij waard nea operasjoneel.