Stasjon Haren (Grinslân)

Stasjon Haren (Hrn) is in spoarweistasjon yn it Nederlânske doarp Haren yn de provinsje Grinslân. It waard iepene yn 1868 oan de Steatsline C (Meppel - Grins). It stasjon waard yn 1936 sletten, mar op 29 septimber 1968 fannijs iepene, net op it eardere plak mar tichter by it doarp.

Stasjon Haren
station Haren
Stasjon Haren yn 2007
Stasjon Haren yn 2007
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Grins
plak Haren
adres Emdaborg 42
arsjitektuer
stasjonskoade Hrn
type Trochgongsstasjon
iepening 1 jannewaris 1868
29 septimber 1968 weriepening
sluting 15 maaie 1936
boujier 1868 1e stasjonsgebou
1968 2e stasjonsgebou
sloopjier 1968 1e stasjonsgebou
arsjitekt 1868
ûnbekende ûntwerper
1e stasjonsgebou
1968
C. Douma
2e stasjonsgebou
oare ynformaasje
perrons 2
perronspoaren 2
spoarline Steatsline C
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Haren (Grins)
Stasjon Haren

It oarspronklike spoarweistasjon fan Haren wie in lyts langwerpig gebouke, mei in wening foar de stationsjef. It stie by de oerwei yn de Oude Middelhorst, sa'n 200 meter súdliker as it hjoeddeiske stasjon.

It stasjonsgebou waard yn 1968 ôfbrútsen nei de iepening fan it nije stasjon. It nije stasjon krige in stasjonsgebou bekend as Standerttype Sextant fan de hân fan arsjitekt Cees Douma.

Treinferbinings

bewurkje seksje
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
12600 Intercity (NS) GrinsHarenAssenSwolLelystêd SintrumAlmere SintrumAmsterdam Sintraal Alinne freedtenachts
8100 Sprinter (NS) SwolMeppelAssenHarenGrins

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: