Tramwei Boalsert - Harns

De tramwei Boalsert - Harns bestie fan 1882 oant 1947.

Trajekt tramwei Boalsert - Harns

Yn 1882 waard troch de Nederlandsche Tramweg Maatschappij (NTM) de line It Hearrenfean-De Gordyk iepene en yn 1901 trochlútsen oant Harns-Haven. In ôfstân fan sa'n 20 km. Der waard op dit trajekt riden mei steamtrams. De line waard sletten op 11 maart 1947. It stik tusken it tramstasjon fan Boalsert oant it molkfabryk Hollandia dwers troch it sintrum fan Boalsert bleau yn gebrûk oant 28 juny 1968, dêrnei is ek it lêste stikje fan it trajekt opbrutsen.

It eardere tramstasjon fan Boalsert is nei it slúten fan de tramlinen noch jierren yn gebrûk west as garaazje.

(net folslein)

  • Boalsert
  • Harkesyl
  • Wytmarsum
  • Lollumerdyk
  • De Gekroonde Leeuw - Arum
  • Kimswert
  • Harns
  • Harns Haven