Willem Kloos (arsjitekt)

(Trochferwiisd fan Willem Bernhard Kloos)

Willem Bernhard Kloos (Batavia, Nederlânsk-Ynje, 21 maart 1904Den Dolder, 24 novimber 1960), yn de literatuer ornaris oantsjut as W.B. Kloos, wie in Nederlânsk arsjitekt.

Kloos studearre oan de Technyske Hegeskoalle Delft, dêr't er yn 1929 it eksamen foar boukundich yngenieur behelle. [1] Hy wie dêrnei yn tsjinst by de gemeente De Haach as yngenieur by de tsjinst stedsûntwikkeling en folkshúsfêsting. Yn 1941 waard er beneamd ta haad fan de planologyske ôfdieling fan de Rykstsjinst foar it Nasjonale Plan, [2] in soarte fan nasjonaal bestimmingsplan dêr't it inisjatyf fan al yn de jierren 30 nommen wie.

Fan 1946 ôf wie Kloos yn tsjinst by de Nederlandse Spoorwegen, as haad fan de stêdeboukundige ôfdieling. Hy hold him dwaande mei de fraachstikken om it opheffen fan lykflierske krusings yn stêden as Eindhoven, Leien, Rotterdam en Venlo. Fan 1954 ôf oan wied er dwaande mei it ûntwerp fan in rige standerdisearre stasjonsgebouwen (standerttype Vierlingsbeek). De gebouwen tsjinnen faak as ferfanging foar ferâldere stasjonsgebouwen út de 19e iuw, mar waarden ek by nij oanleine (foarstêds)stasjons set.

Untwurpen stasjonsgebouwen

bewurkje seksje
 
Stasjon Wijlre-Gulpen
 
Stasjon Koudum-Molkwar

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Delftsch Volksblad, 23 maart 1929, s. 1
  2. Haagsche Courant, 11 july 1941, Derde blad, s. 1