Stasjon Vught
Stasjon Vught (Vg) is in stasjon yn it Nederlânske plak Vught yn de provinsje Noard-Brabân. It stasjon is in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen type Sâltbommel en is ien fan de sân stasjons dy 't ea yn dizze klasse boud is. En ien fan de twa stasjons fan dit type dy't noch oanwêzich is, it oare stasjon is Stasjon Arnemuiden.
Stasjon Vught station Vught | ||
Stasjon Vught yn de winter fan 2017 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Noard-Brabân | |
Gemeente | Vught | |
plak | Vught | |
adres | Stationsstraat 30 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Vg | |
type | Trochgongsstasjon | |
iepening | 1 jannewaris 1868 16 juny 1940 weriepening | |
sluting | 15 maaie 1938 | |
boujier | 1866 | |
arsjitekt | Karel Hendrik van Brederode | |
monumintale status | Ryksmonumint | |
monumintnûmer | 38163 | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 2 | |
perronspoaren | 2 | |
spoarline | Steatsline H | |
1852 (2018) | ||
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Gebou
bewurkje seksjeIt stasjonsgebou kaam yn 1866 ree, en waard iepene op 1 jannewaris 1868 foar treinreizgers doe't ek dit part fan it spoar fan Steatsline H oanlein wie. It gebou hat in heech middenpart en twa fleugels. Yn 1938 waard it stasjon sletten, mar yn 1940 waard it stasjon op 1 juny weriepene. It stasjonsgebou is hjoed-de-dei yn gebrûk as kantoar.
Treinferbinings
bewurkje seksjeSearje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
4400 | Sprinter (NS) | Oss – De Bosk – Vught – Eindhoven Sintraal – Helmond – Deurne | Wurdt op woansdei - en tongersdeitejûn nei 23:00 oere fan Eindhoven Sintraal nei Deurne ferfongen troch sprinter 14400. |
Kriichsmonuminten
bewurkje seksjeYn de bûtenmuorre fan it stasjonsgebou oan de perronkant (perron 1) is in tinkstien oanbrocht ta oantinken oan de 14.000 joadske manlju en froulju en 1.800 joadske bern út Kamp Vught dy't yn 1943 en 1944 hjirwei op transport steld waarden nei de ferneatigingskampen yn Dútslân en Poalen. De tinkstien is ûntwurpen troch Otto Treumann en waard op 1 oktober 1984 troch prinses Juliana ûntbleate.
Foar de haadyngong fan it stasjon stiet in monumint dat oprjochte is ta oantinken oan de Belgyske politike finzenen dy 't ynternearre wiene yn Kamp Vught en dêr ombrocht waarden of nei konsintraasjekampen yn Dútslân oerbrocht waarden.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|