Stasjon Olst (Ost) is in spoarweistasjon yn it Nederlânske doarp Olst yn de gemeente Olst-Wijhe yn de provinsje Oerisel. En waard iepene yn 1866 oan de Steatsline A (Arnhim - Ljouwert).

Stasjon Olst
station Olst
Stasjon Olst yn 2023
Stasjon Olst yn 2023
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Oerisel
Gemeente Olst-Wijhe
plak Olst
adres Stationsweg 42t
arsjitektuer
stasjonskoade Ost
iepening 1 oktober 1866
boujier 1864
sloopjier 1975
arsjitekt Karel Hendrik van Brederode
oare ynformaasje
perrons 2
perronspoaren 3
spoarline Steatsline A
1319 (2018)
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Olst (Oerisel)
Stasjon Olst

It oarspronklike spoarweistasjon fan Olst wie in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type SS fyfde Klasse, boud yn de jierren sechtich fan de 19e iuw, en wie ien fan de ienenfjirtich stasjons dy't ea yn dizze klasse boud wie. It gebou wie ûntwurpen troch de arsjitekt Karel Hendrik van Brederode. Yn 1898 krige it stasjon oan de linkerkant in lange fleugel. Yn 1936 waard it stasjon sletten, mar yn 1940 waard it stasjon op 1 juny weriepene. It âlde stasjonsgebou út 1864 waard yn 1975 ôfbrutsen en ferfongen troch in tal abry's.

Treinferbinings

bewurkje seksje
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
3600 Intercity (NS) RoosendaalBredaTilburchDe BoskNimwegenArnhim SintraalSutfenDimterOlstSwol

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: