Stasjon Horst-Sevenum
Stasjon Horst-Sevenum (Hrt) is in stasjon yn de Nederlânske doarp Hegelsom yn de gemeente Horst oan de Maas. It stasjon is in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen type SS fiifde klasse en is ien fan de achtentritich stasjons dy 't ea yn dizze klasse boud is. En ien fan de njoggen stasjons fan dit type dy't noch oanwêzich is.
Stasjon Horst-Sevenum station Horst-Sevenum | ||
Stasjon Horst-Sevenum yn 1978 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Limburch | |
Gemeente | Horst oan de Maas | |
plak | Hegelsom | |
adres | Stationsstraat 149 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Hrt | |
type | Trochgongsstasjon | |
iepening | 1 oktober 1866 | |
boujier | 1864 | |
arsjitekt | Karel Hendrik van Brederode | |
monumintale status | Ryksmonumint | |
monumintnûmer | 22649 | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 2 | |
perronspoaren | 2 | |
spoarline | Steatsline E | |
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Gebou
bewurkje seksjeIt stasjonsgebou kaam yn 1864 ree, en waard iepene op 1 oktober 1866 foar treinreizgers doe't ek dit part fan it spoar fan Steatsline E oanlein wie. Yn 1870 is der oan beide kanten in koarte fleugel oanboud, yn 1915 krige it middenpart der in ferdjipping by. It stasjonsgebou is hjoed-de-dei yn gebrûk as ytgelegeneheid en bêd en brochje.
Treinferbinings
bewurkje seksjeSearje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
3500 | Intercity (NS) | Skiphol Airport – Utert Sintraal – De Bosk – Eindhoven Sintraal – Helmond – Horst-Sevenum – Venlo | Wurdt yn de jûnsoeren en sneins ferfongen troch searje 3700. |
3700 | Intercity (NS) | Doardt – Rotterdam Sintraal – Skiedam Sintrum – Delft – De Haach HS – Leien Sintraal – Skiphol Airport – Amsterdam Súd – Utert-Sintraal – De Bosk – Eindhoven Sintraal – Helmond – Horst-Sevenum – Venlo | Rydt allinnich jûns en sneins. Rydt op wykdagen yn de betide jûn ien rit fan Venlo ôf nei Rotterdam Sintraal en twa ritten fan Dordrecht nei Venlo, de rest fan de ritten op wykdagen ride allinnich tusken Schiphol Airport en Venlo oer. |
13500 | Intercity (NS) | Eindhoven Sintraal – Helmond – Horst-Sevenum – Venlo | Rydt allinnich moarns betiid en jûns let as treinsearje 3500 net rydt. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|