Stasjon Krommenie-Assendelft
Stasjon Krommenie-Assendelft (Kma) is in spoarweistasjon healwei de doarpen Krommenie en Assendelft en waard iepene yn 1869 oan de Steatsline K (De Helder - Amsterdam Sintraal). Yn dizze Noard-Hollânske doarpen is yn 2008 it fjirde stasjonsgebou sûnt 1867 iepene.
Stasjon Krommenie-Assendelft station Krommenie-Assendelft | ||
Stasjon Krommenie-Assendelft | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Noard-Hollân | |
Gemeente | Saanstêd | |
plak | Krommenie-Assendelft | |
adres | Vertrekspoor 1 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Kma | |
type | Trochgongsstasjon | |
iepening | 1 novimber 1869 | |
boujier | 1867 1e stasjonsgebou 1930 2e stasjonsgebou 1975 3e stasjonsgebou 2008 4e stasjonsgebou | |
sloopjier | 1930 1e stasjonsgebou 1975 2e stasjonsgebou | |
arsjitekt | 1867 Karel Hendrik van Brederode 1e stasjonsgebou 1930 H.G.J. Schelling 2e stasjonsgebou 1867 C. Douma 3e stasjonsgebou 2021 J. Eulderink 4e stasjonsgebou | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 2 | |
perronspoaren | 2 | |
spoarline | Steatsline K | |
5567 (2018) | ||
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Gebou
bewurkje seksjeIt earste stasjon waard ûntwurpen troch de yngenieurs Karel Hendrik van Brederode en Louis Abraham Reuvens en iepene op 1 novimber 1869 syn doarren foar treinreizgers. It is boud as in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type Hoogezand.
Yn 1930 waard it earste stasjonsgebou sloopt en ferfongen troch nijbou, nei ûntwerp fan arsjitekt H.G.J. Schelling. In strak en asymmetrysk stasjonsgebou, mei in heech haadgebou en twa lege wjukken dy't ferskille yn lingte en hichte.
It stasjonsgebou út 1930 waard yn 1975 ôfbrutsen fanwegen ferbreding fan de provinsjale dyk fan Saandam nei Castricum, en waard ferfongen troch in ûntwerp fan arsjitekt Cees Douma. Dit wie in tige lyts gebouke, mei alline in loketfunksje.
Yn 2008 waard besletten om in nij en grutter stasjonsgebou te bouwen op sa'n 400 meter ôfstân fan it eardere stasjon. Dit nije stasjonsgebou waard ûntwurpen troch arsjitekt Jeroen Eulderink. It 3e stasjonsgebou bleau stean en is hjoed-de-dei yn gebrûk as snackbar.
Treinferbinings
bewurkje seksjeSearje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
4000 | Sprinter (NS) | Uitgeest – Krommenie-Assendelft – Saandam – Amsterdam Sintraal – Breukelen – Woerden – Gouda – Rotterdam Sintraal | |
7400 | Sprinter (NS) | Uitgeest – Krommenie-Assendelft – Saandam – Amsterdam Sintraal – Breukelen – Utert Sintraal – Driebergen-Zeist |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|