Stasjon Barendrecht

Stasjon Barendrecht (Brd) is in spoarweistasjon yn Barendrecht en waard iepene yn 1872 oan de Steatsline I (Breda - Rotterdam Sintraal). Yn dizze Súd-Hollânske stêd is yn 2001 it tredde stasjonsgebou sûnt 1870 iepene.

Stasjon Barendrecht
station Barendrecht
Perrons Stasjon Barendrecht yn 2013
Perrons Stasjon Barendrecht yn 2013
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Súd-Hollân
Gemeente Barendrecht
plak Barendrecht
adres Stationsweg 32
arsjitektuer
stasjonskoade Brd
type Trochgongsstasjon
iepening 1 novimber 1872
boujier 1870 1e stasjonsgebou
1973 2e stasjonsgebou
2001 3e stasjonsgebou
sloopjier 1973 1e stasjonsgebou
2003 2e stasjonsgebou
arsjitekt 1870
Karel Hendrik van Brederode
1e stasjonsgebou
1973
C. Douma
2e stasjonsgebou
2021
Wienke Scheltens
3e stasjonsgebou
oare ynformaasje
perrons 3
perronspoaren 4
spoarline Steatsline I
5709 (2018)
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Barendrecht (Súd-Hollân)
Stasjon Barendrecht
 
1e stasjonsgebou stasjon Barendrecht yn 1930
 
2e stasjonsgebou yn oanbou stasjon Barendrecht yn 1973

It earste stasjon waard ûntwurpen troch Karel Hendrik van Brederode en iepene op 1 novimber 1872 syn doarren foar treinreizgers. It is boud as in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type Sâltbommel. It earste stasjonsgebou stie op de krúsing fan de Stationsweg mei de Wilhelminastraat.

Yn 1973 waard it earste stasjonsgebou sloopt en ferfongen troch nijbou Inkelde hûnderten meters noardliker, nei ûntwerp fan arsjitekt Cees Douma. In kantich gebou mei plat dak, en in toer mei oerwurk.

It stasjonsgebou út 1973 waard yn 2001 ferfongen troch in ûntwerp fan arsjitekte Wienke Scheltens, it nije stasjon leit folslein yn in tunnel bekend as de Kap fan Barendrecht, fan bûten ôf is fan it stasjon alline sichterber fanút it easten, oan de westlike kant sjogge je allinne it part fan it dak dat fan glês is en in treppehûs mei lift. It stasjonsgebou út 1973 dat sa ûngefear njonken it hjoeddeiske treppehûs stie waard yn 2003 ôfbrútsen.



Treinferbinings

bewurkje seksje
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
5000 Sprinter (NS) De Haach SintraalDe Haach HSDelftSkiedam SintrumRotterdam SintraalRotterdam BlaakRotterdam LombardijenBarendrechtDoardt Rydt net yn it wykein en nei 20:00 oere jûns.
5100 Sprinter (NS) De Haach SintraalDe Haach HSDelftSkiedam SintrumRotterdam SintraalRotterdam BlaakRotterdam LombardijenBarendrechtDoardt

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: