Stasjon Nuenen-Tongelre
Stasjon Nuenen-Tongelre (Ne) wie in stasjon oan de Steatsline E yn 'e buorskip Eeneind ûnder Neunen yn de gemeente Nuenen, Gerwen en Nederwetten yn de provinsje Noard-Brabân. It stasjon wie in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen type SS fiifde klasse en is ien fan de achtentritich stasjons dy 't ea yn dizze klasse boud is.
Stasjon Nuenen-Tongelre station Nuenen-Tongelre | ||
Stasjon Nuenen-Tongelre yn 1955 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Noard-Brabân | |
Gemeente | Nuenen c.a. | |
plak | Nuenen | |
adres | Stationsweg | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Ne | |
type | Trochgongsstasjon | |
iepening | 1 oktober 1866 | |
sluting | 1 jannewaris 1938 | |
boujier | 1864 | |
sloopjier | 1972 | |
arsjitekt | Karel Hendrik van Brederode | |
oare ynformaasje | ||
spoarline | Steatsline E | |
kaart | ||
Gebou
bewurkje seksjeIt stasjonsgebou kaam yn 1864 ree, en waard iepene op 1 oktober 1866 foar treinreizgers doe't ek dit part fan it spoar fan Steatsline E oanlein wie. Yn 1906 waard der oan de linkerkant in koarte fleugel oanboud en krige it middenpart der in ferdjipping by. Doe't yn 1913 de spoarline Eindhoven - Weert yn gebrûk naam waard, waard de namme fan Station Nuenen-Tongelre wizige yn Stasjon Nuenen. It stasjon waard sletten yn 1938 Oant 1972 waard der noch guod laden en lost, û.o. waard der de sûkerbiten foar de sûkeryndustry yn West-Brabân laden. Mar yn dat jier wie dat ek ôfrûn en fuort dêrnei waard it stasjon ôfbrutsen. Der is hjoed-de-dei neat mear fan is stasjon en stasjonsgebou werom te finen. Op it plak fan it eardere stasjon oan de Stationsweg stiet in lyts ynformaasjebuordsje oer it stasjon.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|