Stasjon Swalmen (Sm) is in stasjon yn de Nederlânske doarp Swalmen yn de provinsje Limburch. It 1e stasjonsgebou is in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen type SS fiifde klasse en is ien fan de achtentritich stasjons dy't ea yn dizze klasse boud is. En ien fan de njoggen stasjons fan dit type dy't noch oanwêzich is.

Stasjon Swalmen
station Swalmen
Stasjon Swalmen yn 2009
Stasjon Swalmen yn 2009
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Limburch
Gemeente Roermond
plak Swalmen
adres Parallelweg 10
arsjitektuer
stasjonskoade Sm
type Trochgongsstasjon
iepening 21 novimber 1865
1 maaie 1949 weriepening
sluting 15 maaie 1938
boujier 1863
arsjitekt Karel Hendrik van Brederode
oare ynformaasje
perrons 2
perronspoaren 2
spoarline Steatsline E
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Swalmen (Limburch)
Stasjon Swalmen
 
Earder stasjonsgebou Swalmen yn 2009

It stasjonsgebou kaam yn 1863 ree, en waard iepene op 21 novimber 1865 foar treinreizgers doe't ek dit part fan it spoar fan Steatsline E oanlein wie. Yn 1911 is de linkerfleugel fergrutte. Yn 1938 waard it stasjon sletten, mar yn 1949 waard it stasjon op 1 maaie weriepene. It stasjon leit hjoed-de-dei oan it part fan it spoar dat eksploitearre wurdt troch Arriva. It stasjonsgebou leit hjoed-de-dei net mear daalks oan it spoar en is ek net mear yn gebrûk as stasjonsgebou, om't yn 2003 it spoar in stikje ferlein is foar de oanlis fan de A73. It stasjon waard doe 30 meter ferpleatst en de tagong nei it stasjon kaam oan de noardkânt te lizzen, it nije stasjon hat gjin gebou mar twa abry's. NS wie fan doel om it it âlde stasjonsgebou te ôf te brekken, mar de gemeente joech dêr gjin tastimming foar. It stasjonsgebou is no yn partikulier besit.

Treinferbinings

bewurkje seksje
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
RS 11
32200
Stoptrein (Arriva) NimwegenVenrayVenloSwalmenRoermond

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: