Stasjon Castricum

Stasjon Castricum (Cas) is in spoarweistasjon yn Castricum en waard iepene yn 1867 oan de Steatsline K (De Helder - Amsterdam Sintraal). Yn dit Noard-Hollânske doarp is yn 2021 it tredde stasjonsgebou sûnt 1866 iepene.

Stasjon Castricum
station Castricum
Stasjon Castricum yn 2022
Stasjon Castricum yn 2022
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Noard-Hollân
Gemeente Castricum
plak Castricum
adres Stationsweg 8
arsjitektuer
stasjonskoade Cas
type Trochgongsstasjon
iepening 1 maaie 1867
boujier 1866 1e stasjonsgebou
1969 2e stasjonsgebou
2021 3e stasjonsgebou
sloopjier 1866 1e stasjonsgebou
2020 2e stasjonsgebou
arsjitekt 1866
Karel Hendrik van Brederode
1e stasjonsgebou
1969
C. Douma
2e stasjonsgebou
2021
Wienke Scheltens
3e stasjonsgebou
oare ynformaasje
perrons 1
perronspoaren 2
spoarline Steatsline K
7493 (2018)
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Castricum (Noard-Hollân)
Stasjon Castricum
 
1e stasjonsgebou stasjon Castricum om en de by 1920
 
2e stasjonsgebou stasjon Castricum yn 1969

It earste stasjon waard ûntwurpen troch de yngenieurs Karel Hendrik van Brederode en Louis Abraham Reuvens en iepene op 1 maaie 1867 syn doarren foar treinreizgers. It is boud as in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type SS Fiifde Klasse. Yn 1912 waard der oan de rjochterkant in oanbou pleatst besteand út in heech en in leech part.

Yn 1969 waard it earste stasjonsgebou sloopt en ferfongen troch nijbou, nei ûntwerp fan arsjitekt Cees Douma. In kantich gebou mei plat dak, en mei in troch de gemeente kado dien karriljon mei oerwurk.

It stasjonsgebou út 1969 waard yn 2020 ôfbrutsen, en ferfongen troch in ûntwerp fan arsjitekte Wienke Scheltens. Om't it stasjon út 1969 net mear foldie, en striemin tagonklik wie foar reizgers mei in rolstoel. Sa kaam der net allinne in nij stasjonsgebou mar ek in nije reizgerstunnel mei treppen en liften. It karriljon út 1969 is hjirby behâlden bleaun. It nije stasjonsgebou waard yn 2021 iepene.




Treinferbinings

bewurkje seksje
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
800 Intercity (NS) MaastrichtSittardRoermondWeertEindhoven SintraalDe BoskUtert SintraalAmsterdam SintraalCastricumAlkmarDe Helder Rydt net jûns, wol op sneintejûn. Rydt allinnich yn de spits twa ritten fan en nei De Helder yn de spitsrjochting. Ryd yn it wykein inkeld tusken Maastricht en Amsterdam Sintraal en werom. Wurdt yn de jûnsoeren tusken Maastricht en Amsterdam Sintraal ferfongen troch de searje 2900.
3000 Intercity (NS) NimwegenArnhim SintraalEde-WageningenVeenendaal-De KlompDriebergen-ZeistUtert SintraalAmsterdam SintraalSaandamCastricumAlkmarDe Helder Veenendaal-De Klomp wurdt allinnich nei 20:00 en yn it wykein betsjinne troch dizze searje.
4800 Sprinter (NS) Amsterdam SintraalHaarlimCastricumAlkmarHoarn Rydt fan 20.00 oere ôf ien kear yn de oere tusken Alkmar en Hoarn.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: