Stasjon Dieren
Stasjon Dieren (Dr) is in spoarweistasjon yn it Nederlânske doarp Dieren yn de provinsje Gelderlân. En waard iepene yn 1865 oan de Steatsline A (Arnhim Sintraal - Ljouwert).
Stasjon Dieren station Dieren | ||
Stasjon Dieren yn 2012 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Gelderlân | |
Gemeente | Rheden | |
plak | Dieren | |
adres | Stationsplein 5 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Dr | |
iepening | 2 febrewaris 1865 | |
boujier | 1862 1e stasjonsgebou 1903 Perrongebou | |
arsjitekt | 1862 Karel Hendrik van Brederode 1e stasjonsgebou 1975 C. Douma 2e stasjonsgebou | |
monumintale status | Gemeentlik monumint | |
monumintnûmer | 0275/196 | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 2 | |
perronspoaren | 3 | |
spoarline | Steatsline A Dieren - Apeldoarn | |
3607 (2018) | ||
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Gebou
bewurkje seksjeIt oarspronklike spoarweistasjon fan Dieren wie in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type SS fiifde Klasse, boud yn de jierren sechtich fan de 19e iuw, en wie ien fan de achtentritich stasjons dy 't ea yn dizze klasse boud wie. It gebou wie ûntwurpen troch de arsjitekt Karel Hendrik van Brederode. Yn 1914 krige it middenpart der in ferdjipping by. Mar doe wie it gebou eins al net mear yn gebrûk as stasjonsgebou.
Yn 1887 it Spoar fan Dieren nei Apeldoarn iepene en yn 1902 wie en de Steatspoarwegen by it stasjonsgebou fan de KNLS ynlútsen wie. Dit gebou boud yn 1886 wie in Standertype KNLS 2e klasse. Stie oan de oare kant fan it spoar as it eardere gebou fan de steatsspoarwegen.
Yn 1903 waard it stasjon útwreide mei in perrongebou en in gruttere oerkapping. Yn septimber 1944 binne sawol it eardere stasjonsgebou fan de steatspoarwegen as it stasjonsgebou fan de KNLS ferlern gien by in bombardemint. Sûnt die tiid wurd it perrongebou brûkt as stasjonsgebou.
Yn 2017 krige it stasjon in fuotgongersbrêge dy't in eardere tunnel ferfong en liften sadat it stasjon tagonklik waard foar reizgers mei in rolstoel.
Spoar nei Apeldoarn
bewurkje seksjeYn 1972 is it spoar fan Dieren nei Apeldoarn slúten. Fan 1975 ôf krige it spoar in nije funkje fan museumspoarline. It trajekt wurdt eksplotearre troch de VSM. Foar dit museumspoar is der oan de noardkant fan it stasjon in ekstra perron.
Treinferbinings
bewurkje seksjeSearje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
3600 | Intercity (NS) | Roosendaal – Breda – Tilburg – De Bosk – Nimwegen – Arnhim Sintraal – Dieren – Sutfen – Dimter – Swol | In healoeretsjinst |
7600 | Sprinter (NS) | Wijchen – Nimwegen – Arnhim Sintraal – Dieren – Sutfen | In healoeretsjinst ried nei 20:00 en op snein net tusken Wijchen en Nimwegen. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|