Stasjon Bunde (Nederlân)
Stasjon Bunde (Bde) is in spoarweistasjon yn it Nederlânske doarp Bunde yn de provinsje Limburch. En waard iepene yn 1865 oan de Steatsline E (Breda - Maastricht). It stasjon leit hjoed-de-dei oan it part fan it spoar dat eksploitearre wurdt troch Arriva.
Stasjon Bunde station Bunde | ||
Stasjon Bunde yn 1964 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Limburch | |
Gemeente | Meerssen | |
plak | Bunde | |
adres | Prinses Wilhelminaweg 27 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Bde | |
iepening | 21 novimber 1865 1 july 1945 Weriepening 4 maaie 1950 Weriepening | |
sluting | 15 maaie 1938 4 maaie 1947 | |
boujier | 1862 1e stasjonsgebou 1964 2e stasjonsgebou | |
sloopjier | 1964 1e stasjonsgebou 2005 2e stasjonsgebou | |
arsjitekt | 1862 Karel Hendrik van Brederode 1e stasjonsgebou 1964 C. Douma 2e stasjonsgebou | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 2 | |
perronspoaren | 2 | |
spoarline | Steatsline E | |
838 (2018) | ||
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Gebou
bewurkje seksjeIt oarspronklike spoarweistasjon fan Bunde wie in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type SS fiifde Klasse, boud yn de jierren sechtich fan de 19e iuw, en wie ien fan de achtentritich stasjons dy 't ea yn dizze klasse boud wie. It gebou wie in ûntwerp fan de arsjitekt Karel Hendrik van Brederode. It stasjon waard sûnt de iepening meardere kearen útwreide. Yn 1911 waard de rjochterfleugel útwreide, yn 1914 krige it middenpart der in ferdjipping by.
It stasjon waard yn 1964 ferfongen troch in nij gebou bekend as Standerttype Douma fan de hân fan arsjitekt Cees Douma. Nei't yn 2000 de NS it loket foar de kaartferkeap slúte, stie is stasjonsgebou leech. Yn 2005 waard it beslút naam om it slim fertutearze gebou ôf te brekken.
Oerstreaming
bewurkje seksjeYn de jûn fan 29 juny 2021 stiene de spoaren splis fanwegen fûle rein. De oarsaak fan it ûnderrinnen is dat de spoaren wat leger as de omjouwing lizze en it stasjon oan de foet fan it Sintraal Plato leit. Op it waarstasjon op it fleanfjild yn Beek waard 83 milimeter rein metten op dy tiisdei [1]
Treinferbinings
bewurkje seksjeSearje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
RS 12 32400 |
Stoptrein (Arriva) | Maastricht Randwyck – Maastricht – Bunde – Sittard – Roermond |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|