Stasjon Wijhe (Wh) is in spoarweistasjon yn it Nederlânske doarp Wijhe yn de gemeente Olst-Wijhe yn de provinsje Oerisel. En waard iepene yn 1866 oan de Steatsline A (Arnhim - Ljouwert).

Stasjon Wijhe
station Wijhe
Stasjon Wijhe yn 1912
Stasjon Wijhe yn 1912
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Oerisel
Gemeente Olst-Wijhe
plak Wijhe
adres Prins Hendrikstraat 7
arsjitektuer
stasjonskoade Wh
iepening 1 oktober 1866
boujier 1864
sloopjier 1975
arsjitekt Karel Hendrik van Brederode
oare ynformaasje
perrons 2
perronspoaren 2
spoarline Steatsline A
1217 (2018)
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Wijhe (Oerisel)
Stasjon Wijhe

It oarspronklike spoarweistasjon fan Wijhe wie in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type SS fjirde Klasse, boud yn de jierren sechtich fan de 19e iuw, en wie ien fan de santjin stasjons dy't ea yn dizze klasse boud wie. It gebou wie ûntwurpen troch de arsjitekt Karel Hendrik van Brederode. Yn 1898 krige it stasjon oan de rjochterkant in lange fleugel en oan de eftergevel (by de perrons) waard in utbou oanboud. Yn 1936 waard it stasjon sletten, mar yn 1940 waard it stasjon op 1 juny weriepene

It âlde stasjon út 1864 waard yn 1975 ôfbrutsen en ferfongen troch in tal abry's. Op it plein foar it stasjon stiet in masinistebunker as kriichsmonumint. In lyts betonnen hokje dat yn de kriich op de lokomotyf pleatst wie sadat de stoker en de masinist in bytsje beskut sieten as harren trein besketten waard.

Treinferbinings

bewurkje seksje
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
3600 Intercity (NS) RoosendaalBredaTilburchDe BoskNimwegenArnhim SintraalSutfenDimterWijheSwol

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: