Stasjon Hoogeveen

Stasjon Hoogeveen (Hgv) is in spoarweistasjon yn it Nederlânske doarp Hoogeveen yn de provinsje Drinte. It waard iepene yn 1870 oan de Steatsline C (Meppel - Grins).

Stasjon Hoogeveen
station Hoogeveen
Stasjon Hoogeveen yn 2008
Stasjon Hoogeveen yn 2008
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Drinte
Gemeente Hoogeveen
plak Hoogeveen
adres Stationsplein 1b
arsjitektuer
stasjonskoade Hgv
iepening 1 maaie 1870
boujier 1868 1e stasjonsgebou
1984 2e stasjonsgebou
sloopjier 1984 1e stasjonsgebou
arsjitekt 1868
Karel Hendrik van Brederode
1e stasjonsgebou
1984
C. Douma
2e stasjonsgebou
oare ynformaasje
perrons 2
perronspoaren 3
spoarline Steatsline C
4667 (2018)
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Hoogeveen (Drinte)
Stasjon Hoogeveen
 
1e stasjonsgebou stasjon Hoogeveen om en de by 1900

It oarspronklike spoarweistasjon fan Hoogeveen wie in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type Hoogezand, boud yn de jierren sechtich fan de 19e iuw, en wie ien fan de tsien stasjons dy't ea yn dizze klasse boud wie. It gebou wie ûntwurpen troch de arsjitekt Karel Hendrik van Brederode.

It stasjon waard yn 1984 ferfongen troch in nij gebou fan de hân fan arsjitekt Cees Douma. Douma hat it sylhûet fan it âlde stasjon probearre te imitearjen yn it nije troch hege oerkaping dominearre stasjonsgebou. Oan 'e efterkant fan dizze oerkaping is de sintrale hal mei twa lege fleugels. Yn 2014 krige de stasjonstunnel nei it 2e perron, liften foar reizgers mei in rolstoel.

Treinferbinings

bewurkje seksje
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
12600 Intercity (NS) GrinsAssenHoogeveenSwolLelystêd SintrumAlmere SintrumAmsterdam Sintraal Alinne freedtenachts
8100 Sprinter (NS) SwolMeppelHoogeveenAssenGrins In healoeretsjinst

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: