Stasjon Lochem
Stasjon Lochem (Lc) is in stasjon yn de Nederlânske stêd Lochem yn de provinsje Gelderlân. It stasjon is in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen type SS fjirde klasse en is ien fan de fyftjin stasjons dy 't ea yn dizze klasse boud is. En ien fan de sân stasjons fan dit type dy't noch oanwêzich is.
Stasjon Lochem station Lochem | ||
Stasjon Lochem yn 2003 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Gelderlân | |
Gemeente | Lochem | |
plak | Lochem | |
adres | Stationsplein 1 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Lc | |
type | Trochgongsstasjon | |
iepening | 1 novimber 1865 | |
boujier | 1863 | |
arsjitekt | Karel Hendrik van Brederode | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 1 | |
perronspoaren | 2 | |
spoarline | Steatsline D | |
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Gebou
bewurkje seksjeIt stasjon moast bûten it oerstreamingsgebiet fan de regelmjittich oerstreamende Berkel boud wurde. Dat wie in probleem. Baron van Nagell van Ampsen hie in oplossing. Hy bea in stik grûn op syn goed fergees oan foar de bou. Sa koe er hiel maklik syn famylje en relaasjes fan it min ofte mear "eigen" stasjon helje.
It stasjonsgebou kaam yn 1863 ree, en waard iepene op 1 novimber 1865 foar treinreizgers doe't ek it spoar fan Steatsline D oanlein wie. Yn 1879 is oan de rjochterkant in fleugel oanboud en in 1902 folge der ek in fleugel oan de linker kant en de rjochter fleugel waard útwreide. It stasjon leit hjoeddedei oan it part fan it spoar dat eksploitearre wurdt troch Keolis. It stasjonsgebou is hjoed-de-dei yn gebrûk as ytgelegenheid.
Treinferbinings
bewurkje seksjeSearje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
RS 24 31200 |
Stoptrein (Keolis) | Sutfen – Lochem – Hengelo – Oldenzaal | In healoeretsjinst |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|