Stasjon Noard Skarwâlde
Stasjon Noard Skarwâlde (Nsw) wie in stasjon oan de Steatsline K yn it doarp Noard-Skarwâlde yn de gemeente Dyk en Waard yn de provinsje Noard-Hollân. It stasjon wie in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen type SS fiifde klasse en is ien fan de achtentritich stasjons dy 't ea yn dizze klasse boud is.
Stasjon Noard Skarwâlde station Noord Scharwoude | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Noard-Hollân | |
Gemeente | Dyk en Waard | |
plak | Noard Skarwâld | |
adres | Stationslaan | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Nsw | |
type | Trochgongsstasjon | |
iepening | 20 desimber 1865 10 juny 1940 weriepening | |
sluting | 15 maaie 1938 4 maaie 1947 | |
boujier | 1862 | |
sloopjier | 1954 | |
arsjitekt | Karel Hendrik van Brederode | |
oare ynformaasje | ||
spoarline | Steatsline K | |
kaart | ||
Gebou
bewurkje seksjeIt stasjonsgebou kaam yn 1862 ree, en waard iepene op 20 desimber 1865 foar treinreizgers doe't ek dit part fan it spoar fan Steatsline K oanlein wie. Yn 1872 krige it stasjon in oanbou mei sealtek dy't nije reizgers yngong befettet. It stasjon waard sletten yn 1938, mar waard wer iepene yn 1940; yn 1947 op 4 maaie wie it echt dien mei it stasjon. It stasjonsgebou waard yn 1954 ôfbrútsen. It plak fan it stasjonsgebou is noch te werom te kennen yn it lânskip oan it ein fan de Stationslaan.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|