Stasjon Marrum-Westernijtsjerk
Stasjon Marrum-Westernijsjerk (Mrm) is in earder sparstasjon by Marrum en Westernijtsjerk. De halte lei oan it Dokkumer Lokaeltsje (spoar fan Ljouwert nei Eanjum) fan de NFLS. De halte, mei as ôfkoarting Mrm, waard boud yn 1900, iepene op 22 april 1901 en waard op 1 desimber 1940 opheft. It stasjonsgebou stiet der noch altyd. It is yn 2003 yn opdracht gan de gemeente Ferwerderadiel yngreven restaurearre, wêrby't it eksterieur werombrocht is yn de oarspronklike Jugendstil-styl. De restauraasje is meifinansierd troch it Jeropeesk Oriïntaasje- en Garânsjefûns foar de Lânbou.
Stasjon Marrum-Westernijtsjerk | ||
Stasjon Marrum-Westernijtsjerk (2012) | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Noardeast-Fryslân | |
plak | Marrum | |
adres | Stasjonswei | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Mrm | |
type | NFLS 2e klasse | |
iepening | 22 april 1901 | |
sluting | 1 desimber 1940 | |
boujier | 1900 | |
boustyl | Jugendstil | |
oare ynformaasje | ||
spoarline | Dokkumer Lokaeltsje | |
Humboldt Locomotief foar it stasjon (2019) | ||
Sik foar it stasjon (2013) | ||
offisjele webside | ||
De Pannekoektrein | ||
kaart | ||
Dit stasjon is boud nei it stasjonsûntwerp mei de namme Standerttype NFLS, dat benammen brûkt waard foar ferskate spoarstasjons yn Fryslân. It stasjon yn Marrum-Westernijtsjerk foel binnen it type NFLS 2e klasse. It stasjon is sûnt 2015 yn gebrûk as pankoekrestaurant.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|