Standerttype NFLS

Standerttype NFLS is in stasjonsûntwerp dat brûkt waard foar ferskate spoarstasjons yn Fryslân.

Stasjon Stiens (NFLS 1e klasse)

De stasjons waarden allegear begjin 20e iuw boud en hawwe likernôch 30 oant 40 jier tsjinst dien as stasjon. In oantal fan dizze stasjons binne yn de jierren sântich ôfbrútsen. It stasjon fan Jelsum is ferlern gien yn de Twadde Wrâldkriich. It stasjon fan Marrum is hjoed-de-dei yn gebrûk as restaurant. Yn Frjentsjer hat it stasjon ek noch tsjinst dien as lânbouskoalle. It stasjon fan Froubuorren wie ek bewarre bleaun, mar rekke yn 2002 sa skansearre nei in brân dat it dochs noch ôfbrutsen waard.

Oersjoch fan de gebouwen

bewurkje seksje
Type Tal boud Noch oanwêzich
NFLS 1e klasse   1
Stiens
1
Stiens
NFLS 2e klasse   5

2
* Marrum-Westernijtsjerk
* Holwert
NFLS halte 1e klasse   5

4

NFLS halte 2e klasse   3
* Ljouwert Halte
* Blije
* Ternaard
3
* Blije
* Ternaard
NFLS halte 3e klasse   12

7