Stasjon Dokkum-Ealsum

It Stasjon Dokkum-Ealsum wie in stasjon oan it Spoar fan Ljouwert nei Eanjum, dit spoar stie better bekend as it Dokkumer Lokaaltsje. It stasjon fan de NFLS waard op 2 oktober 1901 iepene en lei tusken Dokkum en Ealsum op it grûngebiet fan Ealsum.

Stasjon Dokkum-Ealsum
It 'Dokkumer Lokaaltsje' ferlit stasjon Dokkum rjochting Eanjum, 1928

Lang is it stasjon net brûkt, want op 1 desimber 1940 waard it al sletten foar reizgersferkear. Dêrnei waard it stasjon oant 1973 brûkt as frachtstasjon; yn dat jier waard it baanfek Holwert - Dokkum sletten om yn 1978 ôfbrutsen te wurden. Yn 1936 waard de ferbining nei Eanjum ta trouwens al opheft. Yn 1974 waard ek it stasjonsgebou sloopt.

It stasjon lei 200 meter beëasten it plak dêr't no it busstasjon stiet. In tal strjitten dêr yn de buert ferwize noch nei it stasjon sa as de Stasjonswei, Stasjonsstrjitte en By 't Stasjon.