Stasjon Heiloo (Hlo) is it spoarweistasjon fan Heiloo en waard iepene yn 1867 oan de Steatsline K (Amsterdam - De Helder. Yn it Hollânske doarp is yn 1978 it tredde stasjonsgebou sûnt 1875 iepene.

Stasjon Heiloo
station Heiloo
Stasjon Heiloo yn 2021
Stasjon Heiloo yn 2021
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Noard-Hollân
Gemeente Heiloo
plak Heiloo
adres Stationsweg 92 010
arsjitektuer
stasjonskoade Hlo
type Trochgongsstasjon
iepening 1 maaie 1867
boujier 1875 1e stasjonsgebou
1930 2e stasjonsgebou
1978 3e stasjonsgebou
sloopjier 1930 1e stasjonsgebou
1978 2e stasjonsgebou
arsjitekt 1875
ûnbekende arsjitekt
1e stasjonsgebou
1930
ûnbekende arsjitekt
2e stasjonsgebou
1978
C. Douma
3e stasjonsgebou
oare ynformaasje
perrons 1
perronspoaren 2
spoarline Steatsline K
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Heiloo (Noard-Hollân)
Stasjon Heiloo

It oarspronklike stasjonsgebou fan Heiloo wie in langhalich gebou mei yn de midden oan strjit - en perronkant in puntgevel; it gebou wie ek de wenning fan de stasjonsjef.

Yn 1930 waard it earste stasjonsgebou sloopt en ferfongen troch nijbou, besteande út meardere geboukes mei in plat dak op it eilânperron.

De geboukes út 1930 waarden yn 1978 ôfbrútsen om't it allegear te lyts wie. Der kaam in grutter gebou op it eilânperron nei ûntwerp fan arsjitekt Cees Douma mei in oerkaping fan 85 meter.

Treinferbinings

bewurkje seksje
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
3000 Intercity (NS) NimwegenArnhim SintraalEde-WageningenVeenendaal-De KlompDriebergen-ZeistUtert SintraalAmsterdam SintraalSaandamHeilooAlkmarDe Helder Veenendaal-De Klomp wurdt allinnich nei 20:00 en yn it wykein betsjinne troch dizze searje.
4800 Sprinter (NS) Amsterdam SintraalHaarlimHeilooAlkmarHoarn Rydt fan 20.00 oere ôf ien kear yn de oere tusken Alkmar en Hoarn.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: