Stasjon Amsterdam Muiderpoarte
Stasjon Amsterdam Muiderpoarte (Asdm) is ien fan de spoarstasjons yn de Nederlânske stêd Amsterdam, yn de provinsje Noard-Hollân. It waard iepene yn 1896 oan de Easterspoarwei (Amsterdam Sintraal - Sutfen).
Stasjon Amsterdam Muiderpoarte station Amsterdam Muiderpoort | ||
Stasjon Amsterdam Muiderpoarte | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Noard-Hollân | |
Gemeente | Amsterdam | |
plak | Amsterdam | |
adres | Oosterspoorplein 3 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Asdm | |
iepening | 18 maaie 1896 | |
boujier | 1895 1e stasjonsgebou 1939 2e stasjonsgebou | |
sloopjier | 1937 1e stasjonsgebou | |
arsjitekt | 1895 Arsjitekt ûnbekent 1e stasjonsgebou 1939 H.G.J. Schelling 2e stasjonsgebou | |
monumintale status | Gemeentlik monumint | |
monumintnûmer | 0363/200743 | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 2 | |
perronspoaren | 4 | |
spoarline | Easterspoarwei Rhijnspoarwei | |
tramline | 1 3 | |
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Gebou
bewurkje seksjeIt oarspronklike spoarstasjon Amsterdam Muiderpoarte bestie út twa gebouwen op it eilânperron. Yn 1907 binne trije ekstra gebouwen mei wachtromten en húskes op it perron pleatst. Dêrneist is ien fan de oarspronklike gebouwen fergrutte. It gehiel waard mei in lange perronkape oerdutsen. It earste stasjonsgebou waard ôfbrutsen yn 1937 om't de spoaren ferhege waarden.
It stasjon waard yn 1939 ferfongen troch in nij gebou fan de hân fan arsjitekt Schelling. It nije stasjonsgebou kaam tusken de splitsing fan de Easterspoarwei en de Rhijnspoarwei te stean. It gebou hat krekt as it lyktidich iepene Amstelstasjon in hege stasjonshal mei glêzen kopgevel en twa lege sydgevels dy't tusken beide spoardiken lizze. Foar it hiele gebou is in luifel dy't foar de yngong nei foaren stekt. Oan 'e linkerkant fan it stasjonsgebou stiet in opfallend rank en heech seinhûs. Efter de tritich meter lange stasjonshal wiene by de iepening twa knikte fuotgongerstunnels nei de perrons fan de Easterspoarwei en de Rhijnspoarwei.
Yn 1998 en 1999 binne it stasjon en de omjouwing fan it stasjon yngreven ferboud en waarden de tunnels ôfsletten. Ek ferdwûnen alle oarspronklike funksjes út it stasjonsgebou. Beide perrons binne tenei mei treppen en liften te berikken fan ôf de strjitten Yn de tunnels binne inkelde winkels en ek it service loket fan de NS te finen. It stasjonsgebou is tsjintwurdich yn gebrûk as fytsewinkel.
Treinferbinings
bewurkje seksjeSearje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
4000 | Sprinter (NS) | Uitgeest – Saandam – Amsterdam Sintraal – Amsterdam Muiderpoarte – Breukelen – Woerden – Gouda – Rotterdam Sintraal | |
4600 | Sprinter (NS) | De Haach Sintraal – Leien Sintraal – Amsterdam Muiderpoarte – Skiphol Airport – Amsterdam Sloterdijk – Amsterdam Sintraal – Weesp – Almere Sintrum – Almere Bûten – Lelystêd Sintrum – Swol | Ryd alline yn de jûnsoeren en it wykein ek fan en nei Den Haach Sintraal. Troch de wike is it ein en begjinpunt Leiden Sintraal. |
5800 | Sprinter (NS) | Amersfoart Vathorst – Schothorst – Amersfoart Sintraal – Hilfertsom– Weesp – Amsterdam Muiderpoarte – Amsterdam Sintraal – Amsterdam Sloterdijk – Skiphol Airport – Hoofddorp | Ryd allinnich yn 'e betide moarnsoeren, yn 'e spits en yn it wykein troch fan Amsterdam Sintraal nei Hoofddorp. |
7400 | Sprinter (NS) | Uitgeest – Saandam – Amsterdam Sintraal – Amsterdam Muiderpoarte – Breukelen – Utert Sintraal – Driebergen-Zeist |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|