Stasjon Appingedam
Stasjon Appingedam (Apg) is in spoarweistasjon yn de stêd Appingedam yn de gemeente Iemsdelta yn de provinsje Grinslân. It waard iepene yn 1884 oan it Spoar fan Grins nei Delfsyl.
Stasjon Appingedam station Appingedam | ||
Stasjon Appingedam (2018) | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | Iemsdelta | |
plak | Appingedam | |
adres | Spoorbaan | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Apg | |
type | Standerttype Snits | |
iepening | 15 juny 1884 | |
boujier | 1883 stasjonsgebou 1982 abry 2014 abry | |
sloopjier | 1981 stasjonsgebou | |
arsjitekt | 1883 M.A. van Wadenoijen | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 2 | |
perronspoaren | 2 | |
spoarline | Grins - Delfsyl | |
Stasjon Appingedam (1920) mei lokomotyf 717 oan it perron | ||
Stasjon Appingedam (1973) | ||
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Gebou
bewurkje seksjeIt oarspronklike spoarweistasjon fan Appingedam wie in Standerttype Snits, boud yn de jierren tachtich fan de 19e iuw, en wie ien fan de seis stasjons dy't ea fan dit type boud waard. It symmetryske stasjonsgebou bestie út in sintraal, twa boulagen heech part mei fjouwerkante plattegrûn en twa fleugels mei rjochthoekige plattegrûn.
Wylst yn de jierren ’70 de measte stasjonsgebouwen lâns de disellinen yn Noard-Nederlân ôfbrútsen wurde, bedarret it stasjon fan Appingedam op in foarriedige monumintelist. Yn 1978 rekke it gebou lykwols troch brân slim skansearre wêrnei't it yn 1981 dochs noch ôfbrútsen is. Yn 1982 komt op it plak fan it gebou in ienfâldige standert abry. By it opknappen fan it stasjonsplein om en de by 2014 is dizze ferfongen troch in modern eksimplaar.[1]
Treinferbinings
bewurkje seksjeSearje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
RS 5 37700 |
Stoptrein (Arriva) | Grins – Appingedam – Delfsyl |
Sjoch foar it meast aktuele tsjinstroaster op de side fan Arriva.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|